Kaart (kartografy): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ik:Nunauraq; tekstwiziging
Rigel 9:
Om't in kaart in platte werjefte is fan (in part fan) in bolfoarm, hawwe kaarten altiten ôfwikings. By in kaart fan de hiele wrâld is dat it dúdlikst om't dy eins in bolfoarm hawwe moatte soe. It tichtstby de werlikens is dêrom de [[globe]]. Oars moat de bolfoarm mei ien as oar systeem, in projeksje, dellein wurde op in flak stik papier. It is mûglik dêrby ien gegeven akkuraat te hâlden: in kaart kin [[hoeksekuer]] wêze, wêrby in hoek op de kaart altyd likegrut is as yn it gebiet, as [[flaksekuer]], wêrby oerflakteferhâldings op de kaart altiten gelyk binne oan dy yn it gebiet. Der is lykwols gjin projeksje dy't dy gegevens beide fêstleit.
== Kaarten fan Fryslân ==
Yn de kartografy binne de kaarten fan Fryslân al yn de earste atlassen opnomd. Ortelius, Kaerius, de Jode, Mercator hawwe fan Fryslân tige fraaie kaarten útjûn. Hjirby is [[Grinslân]], as hearrende by Frisia, ek stees opnomd. It binne libbene kaarten, ek al meidat de Waadsee en faak in stik Noardsee en Sudersee by it kaartbyld hearre. Op it mêd fan de seeën leefden de makkers har út mei driigjende, spuitsjende seemûnsters en sierlike, hieltiten mei bolle seilen, farrende skippen en ynkleurde wynrozen.<br />
Yn in soad lytse bûsatlaskes út de [[16e ieu]] steane se folle soberder ôfdrukt. Fia it kaartbyld fan Hondius en Blaeu, wêryn Fryslân as aparte kaart, komt de mânske N.J. Visserkaart, de Schotanuskaart fan 1664 en de saneamde Stiennen Mankaarten, dêr't de Allard-útjefte de meast seldsume is.<br />
Yn de [[18e ieu]] wurdt it kaartbyld soberder en de bekende Tirionkaart bringt it net fierder as in beskieden cartouche mei it wapen fan Fryslân en in lytse wynroas.
De tritich [[gritenij]]en komme yn de Beskriuwing fan Fryslân fan 1664 foar en letter yn de Schiotanusatla.<br />
De Eekhoff-atlas yn de midden fan de [[19e ieu]] foarmet in atlasútjefte dy 't troch it provinsjebestjoer bekostige waard. Grutte dúdlike kaarten, mar sûnder franje; mear kadasterkaarten (werútjefte 1969). De alve stêden binne op [[Warkum]] nei foar it erst troch Braun en hogenberg útjûn. Dan folgje de Geelkerckenkaarten, de Boutattsútjeften, Guicciardini, Merian, Jansonius, de Witt, Coronelli en Blaeu. Fan de doarpen binne net sa folle plattegrûnen bekend. De ôfbylden hjirfan steane meast yn de Vaderlansdsche Gezichten en yn de Tegenwoordige Staat van Friesland. Yn hânskriften en argiven komme tafallich kaarten fan bepaalde gebieten en plakken foar: Drachten, It Hearrenfean, Menaam, Bakkefean en Haulerwyk.
 
Rigel 20:
* {{EvhhF|Kartografy}}
}}
 
[[Kategory:Ierdrykskunde]]
 
Line 53 ⟶ 54:
[[id:Peta]]
[[yi:מאפע]]
[[ik:Nunauraq]]
[[is:Kort]]
[[it:Mappa]]