Tjeerd Bottema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Fyntyn (oerlis | bydragen)
Oanfolling mei mear biografy/ (Noch) gjin wizigings yn de foarige tekst?Sjoch oerlisside
Rigel 3:
'''Tjeerd Bottema''' ( [[Langsweagen]], [[6 febrewaris]] [[1884]] - [[Katwijk]], [[9 maart]] [[1978]] ) wie in Fryske skilder en grafikus. It [[Frysk Grafysk Museum]] op [[De Jouwer]] hat in soad ynformaasje en wurk fan him.
 
De heit fan Tsjeard, Jehannes Bottema wie boer en hie fjouwer soannen. Tsjeard wie de jongste. Hy ferhûze as jonkje, mei fee en al, rinnedewei fan De Wyngaarden ûnder Langsweagen nei [[De Tynje]]. Dêr gie er mei syn âldere broer Tsjerk nei skoalle. De wat syklike mar bejeftige master Bosma makke tige yndruk op Tsjeard, ek as foarbyld.
Tjeerd kaam út in keunstsinnich laach, syn broer [[Tsjerk Bottema]] wie ek skilder en grafikus. En letter soenen syn beide dochters [[Hil Bottema|Hil]] (Hillegonda) en [[Johanna Bottema]] allyksa keunstners wurde.
Lykas Tsjerk helle Tseard de ûnderwiisakte op de kweekskoalle fan Maastricht. De skoalle fan De Tynje, dêr't er as volontêr wolris ynfallen wie, hat him noch in baan oanbean. Mar de broers woenen beide wat oars: de byldende keunst yn.
Tsjeard begûn, lykas earder Tsjerk, nei de 'kwik' as plateelskilder by 'De Distel' yn Amsterdam. Rillegau illústrearje er berneboeken en tekene er reklamewurk. Hy makke doe al it fier en hein thús te bringen embleem fan de RVS (Rotterdamsche VerzekeringsSociëteit). Yn 1976 skreau er dêroer: 'Nog op heden is die prent het blazoen van de maatschappij en als ruim negentigjarige geeft me dat nog altijd voldoening. Het bleek een groot succes, dat beeld van een man met en hondje, samen onder een paraplu'. De ferneamde [[Albert Hahn]] seach ek fuort wat yn dizze jongfeint fan krekt tweintich en gunde him wurk dat er sels net mear neikomme koe.
Ûnderwilens slagge Tsjeard yn 1904 foar de M.Û.-akte Tekenjen en doe koe er (nei't er earst noch gau it etsen oanleard hie) nei de Ryksakademy foar Byldende Keunsten. Want skilderje mei oaljeferve, dat wie wat er woe en blykber ek koe. Yn 1907 helle Tsjeard Bottema de gouden medalje fan de Prix de Rome. Doe koe er fjouwer jier lang twatûzen goune(!) it jier barre. Fan Rome (dêr't er de byldhouwer [[Pier Pander]] fan de Knipe moete), reizge er ôf nei Marokko, Spanje en Frankryk. Doe woe er noch graach nei Ingelân ta, benammen om Turner, en dat krige er ek klear.
Werom yn Nederlân trouwde Tsjeard op 28 desimber 1811 yn Laren (N.H.) mei Cornelia van Amstel,dy't fan de stêd Utrecht kaam. It pearke hie inoarren kinnen leard op de Ryksakademy. Sy krigen twa dochters, ien yn 1913 en ien yn 1918.
Yntiids hie Tsjeard him al mar mear talein op it etsen. Hy skreau út en troch ek in berneboek dêr't er sels de printsjes by makke.
 
Tjeerd kaamen syn broer foarmen úttegearre in keunstsinnich laach, syn broer. [[Tsjerk Bottema]] wie ek skilder en grafikus. En letter soenen synde beide dochters fan Tsjeard, [[Hil Bottema|Hil]] (Hillegonda) en [[Johanna Bottema]] allyksa keunstners wurde.
 
 
****************************************************************
 
 
Nei de basisoplieding tekenjen by Rosenbeek op It Hearrenfean folge er jûnslessen oan de ambachtsskoalle. Dêrnei gie Bottema nei de Ryksakademy yn Amsterdam. Hy wie ûnder oaren learling fan [[August Allebé]], [[Antoon Derkinderen]], [[George Sturm]] en [[Nicolaas van der Waay]]. Yn 1904 helle hy de akte tekenjen en wûn yn 1907 de Prix de Rome. Hy wurke yn Laren, oan de Houtwei 472.
 
Line 21 ⟶ 34:
[[Kategory:Frysk keunstskilder]]
[[Kategory:Langsweagen]]
[[Kategory:De Tynje]]