Boarnburgum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsjes
Rigel 6:
 
== Skiednis ==
Mei [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] is Boarnburgum it âldste plak fan Smellingerlân. Boarnburgum leit op in hichte, de namme '' burch'' makket dat dúdlik en ''um'' is de ôfkoarting fan -him, dus in droech plak oan De Boarn. Dêrom wurdt wol tocht dat it doarp westliker lein hat, tichter by de [[Boarn]] of in sydtûke dêrfan. It moat al in âld plak wêze: de brûkte dowestien fan it tsjerke wiist op in tiid foar [[1200]]. [[Dowestien]] waard faak ynfierd út Dútslân. Yn Sinteklaasnacht 1733 stoarte de sealdektoer yn. Efterop de wizer fan de klok stiet 1734, as datum dat de nije tsjerke opboud wie. De opbringst fan de dowestiennen hat dêr grif oan meiholpen. De liedklok is yn de oarloch troch de Dútsers meinomd. Yn [[1980]] is de tsjerke wer opknapt. Om de âlde iken preekstoel lizze âlde sarken dy't ûnder de houten flier fûn binne.
 
== Mienskip ==