Keatsen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
http://www.nwzonline.de/Region/Kreis/Cloppenburg/Saterland/Artikel/2375973/Holl%E4nder+lehren+Saterfriesen+die+Kunst+des+Kaatsen.html
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: stq:Balspil; tekstwiziging
Rigel 1:
'''Keatsen''' is in spul wêrby’t in lytse bal mei de hân of fûst (al as net beskerme troch bygelyks in want) sa slein wurde moat, dat de tsjinstanner de bal net (jildich) retoernearje kin.
 
== Keatsen yn Fryslân ==
 
=== It fjild ===
[[Ofbyld:Keatsfjild.gif|frame|Keatsfjild Frysk spul]]
It Fryske keatsen wurdt spile op in gersfjild fan 61 lang en 32 meter breed. It fjild wurdt markeare troch in wite keunststoffen line fan sa’n 4 sm breedte. Yn it fjild leit parallel oan de efterline (koarte kant fan it fjild dêr’t de wyn wei komt) op 19 meter fan dy efterline oer de hiele breedte fan it fjild in foarline. Tusken de efterline en de foarline lizze op 13,5 meter fan de sydlinen (ek wol kwealinen neamd) de syd-perklinen. De romte binnen de syd-perklinen en de stikken foar- en efterline dy’t dêr tusken sitte, wurdt it perk neamd (de linen sels meitsje gjin diel út fan it perk). Op 30 en 32 meter fan de foarline lizze 2 opslachfakken, parallel oan de foarline, fan 5 meter breed en 2 meter djip. Dizze opslachfakken lizze rjocht foar it perk oer. It it fierst fan it perk lizzende opslachfak hjit de ‘foarbêststuit’ it oare de ‘foarminststuit’. De fjildôfslutende line parallel oan de efterline wurdt de ‘boppe’ of boppeline neamd. De hoeken fan it spylfjild wurde markearre troch metalen of keunststoffen hoekpeallen fan 4 oant 6 meter hichte, ek wol kweapeallen neamd. Boppesteande ôfmjittings jilde foar heare-senioare-keatspartijen. Foar dames- en jeugdpartijen wurdt in lytser fjild brûkt.
 
=== It partoer ===
In keatspartoer bestiet út trije persoanen. Der binne yn in partoer 4 funksjes te ferdielen: 1e opslagger (foar-bêstopslagger), 2e opslagger (foar-minstopslagger) foarynse (foarste perkspiler) en efterynse (efterste perkspiler). Meastentiids binne taken as folget ferdield: De foar-bêst opslagger slacht allinne op. De foar-minstopslach wurdt dan fersoarge troch ien fan de perkspilers. It is lykwols mooglik dat de perkspilers sawol de foar-bêst as de foar-minst opslach foar har rekken nimme. De tredde spiler is dan net ‘yn funksje’ en wurdt dan balkearder neamd.
 
Rigel 13:
* Frije formaasje: Spilers dy’t yn deselde klasse spylje, jouwe har as partoer op foar in frije formaasje keatspartij.
* Spilers wurde troch har ôfdieling (feriening) ôffurdige nei in ôfdielingspartij.
* Spilers jouwe har yndividueel op foar in troch-inoar-lotsjen-partij. In bysûndere foarm fan in trochinoarlotterspartij is in útnoegingspartij, wêrby’t spilers in útnoeging krije fan de organisaasje om oan in partij diel te nimmen.
 
De dielnimmerslist, dy’t útmakket hokker partoeren tsjin elkoar spylje moatte, wurdt troch it lot fêststeld. De lotting fan troch de [[KNKB]] fêststelde keatspartijen is altyd iepenbier.
Rigel 19:
By it keatsen hawwe de partoeren ôfwikseljend de opslach en de útslach. Sawol it partoer oan de opslach as it partoer oan de útslach kin punten skoare.
 
=== It spul ===
It partoer mei it leechste nûmer op de dielnimmers list begjint mei de opslach. De foar-bêstopslagger bringt de bal mei in ûnderhânse slach fan de foar-bêststuit ôf yn it perk dêr’t op dat stuit 2 spilers fan de tsjinstanners opsteld steane. It resultaat fan de opslach kin wêze:
:Direkt in punt foar it opslachpartoer as:
Rigel 46:
Yn it [[keatsjargon]] wurdt dan faak (troch de tsjinstander) sein: “Hy/sy slacht der op”.
 
=== De telling ===
 
It partoer dat yn in keatspartij as earste 6 earsten (fergelykber mei 'games' by it tennisjen) hellet, hat de partij wûn. It partoer dat yn in earst as earste 4 slaggen wint, kriget it earst. De telling yn it earst giet as folget: 2,4,6, earst. Twa earsten wurde in spul neamd. Yn tsjinstelling ta tennis kin by it keatsen in earst (en dus in partij) mei 1 slach ferskil wûn of ferlern wurde.
Rigel 53:
 
 
=== Sjoch ek ===
* [[Oersjoch siden oer it keatsen]]
* [[Skiednis fan it keatsen]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.pc-franeker.nl/ PC-keatswedstriid yn Frjentsjer]
* [http://www.knkb.nl/ KNKB side]
Rigel 64:
 
{{Commons|Frisian handball}}
 
 
[[Kategory:Keatsen| ]]
Line 74 ⟶ 73:
[[it:Balle pelote]]
[[nl:Kaatsen]]
[[stq:Balspil]]
[[wa:Djeu d' bale]]