Winsum (Fryslân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: 21 grêfstiennen
Rigel 5:
By opgravings fan de eartiidske [[terp]] yn Winsum is dúdlik wurden dat der yn de earste helt de [[1e ieu]] al minsken wennen. Hiel bysûnder wienen de [[Romeinen|Romeinske]] fynsten lyks muntsjes dy't dien binne. Neist de Romeinske haven fan Felsen ([[Noard-Hollân]]) is Winsum nammentlik it iennichste plak yn Nederlân dêr't oant no ta de oanwêzigens fan [[Romeinske leger|Romeinske soldaten]] bûten de Romeinske ryksgrins bewiisd is. Spoaren fan in Romeinsk kamp binne lykwols net oantroffen.
 
Yn [[1586]] waard Winsum troch de Spaanske troepen delbaarnd. Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]], makke Winsum diel út fan de gemeente [[Baarderadiel]].
 
By it ferfangen fan de houten flier yn de herfoarme tsjerke fan Winsum yn 2010 binne sân bysûndere grêfstiennen foar it ljocht kaam. It bestean fan 14 stiennen wie bekend, mar der blike 21 grêven ûnder de flier te lizzen. Fiif dêrfan binne fan Roomsken: sa lizze der foarâlders fan pater Titus Brandsma begroeven. Fierders waard it grêf fan de earste dûmny fan Winsum ûntdutsen, dy't yn 1599 stoar. De stiennen binne 100 jier lyn by in renovaasje ûnder de flier fuortwurke. Op in oar grêf dat koartlyn foar it ljocht kaam stiet skreaun dat de ferstoarne genôch jild achterlitten hat foar it behâld fan syn rêstplak en dat it grêf net iepene wurde mei.
 
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]], makke Winsum diel út fan de gemeente [[Baarderadiel]].
 
== Ferskaat==