Muiden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tikfl.
Rigel 2:
[[Ofbyld:Muiderslot 010.jpg|thumb|260px|''It Muiderslot mei grientetún'']]
[[Ofbyld:muiden.jpg|thumb|260px|''17e ieuske plattegrûn fan Muiden troch [[Matthaeus Merian]].]]
'''Muiden''' iis in stêd en gemeente yn de provinsje [[Noard-Hollân]]. De gemeente bestiet út it festingstedsje Muiden, it [[brinkdoarp]] [[Muiderberg]] en it [[buorskip]] [[Hakkelaarsbrug]]. It hat 3000 ynwenners en in oerflak fan 36,51 km² (wêrfan 22,06 km² wetter). It grutte persintaazje wetteroerflak komt net allinnich troch de haven fan Muiden mar ek trochdat de gemeentegrins triochrinttrochrint oer it wetter yn de [[IJmar]].
== It besjen wurdich ==
* De herfoarme tsjerke is in [[goatykgGtyk|goatysk]] gebou mei in let-[[romaanse arsjitektuer|romaanse]] toer. Elke jûn om 21.00 oere leidetliedet de klok fan de Nederlânske Herfoarme tsjerke. Dit gebrûk stamt noch út de tiid dat Muiden stedspoarten hie. De klok waard lieden foardat de poarten tichtgienen, as teken foar de bewenners om nei hûs ta te gean foar it jûnsmiel. Faak ieten in soad minsken jûns brij, fandêr de namme "brijklok" (papklok).
* It [[Muiderslot]], in yn goede steat ferkearend Midsieusk [[kastiel]], dat mei bekend wurden is troch syn bouhear [[Floris V fan Hollân|greve Floris V]] en de [[Muiderkring]] om [[Pieter Corneliszoon Hooft]].
* It [[Mûzefort]]
* It eilân [[Pampus (eilân)|Pampus]]
== Skiednis fan de stêd ==
De earste, noch bekende fermelding fan it plakje Muiden komt út [[953]]. Keizer [[Otto I de Grutte|Otto I]] skonk doe de delsetting en de dêr wûne toljilden oan it [[Dom fan Utert|Domkapittel]] te [[Utert (stêd)|Utert]]. It doarpke hjitte doe noch 'Amuda'. Dit betsjut 'Mûning fan de A'. De 'A' is in âlde namme fan de [[Utertske Fecht|Fecht]]. Yn [[1122]] krige Muiden tagelyk mei Utert [[stedsrjochten]] fan keizer [[Hendrik V fan it Hillige Roomske Ryk|Hindrik V]], hoewol't it yn it geffalgefal fan Muiden faaks allinnich om inkele stêdlike rjochten gie. De delsetting krige foar 1285 yn elk gefal stedsrjochten fan it Bisdom fan Utert. Neidat it lân dêr't Muiden yn leit skonken waard oan greve Floris V fan Hollân, krige Muiden yn 1296 opnij stedsrjochten, diskear fan Floris V.
 
=== Leginde ===
[[Ofbyld:Muiden wapen.png|thumb|left|240px|''Muiden'']]
Muiden hat ek har eigen leginde. Fiskers fange in [[seemearmin]], wylst hja oerlizze oan wa't se har skinke sille, stelt de seemearmin foar har frij te litten omdat se dochs net langer as in oere op it lân libje kin, tsjin in beleanning fan rike fangsten en folle netten. As se har dan gean litte sjongt se: ''Muiden sil Muiden bliuwe, Muiden sil nea ferdwine.'' wêrnei't se yn de djipten dûkt, en nea wer sjoen waaardwaard. Wyls binne in soad stêden en doarpen ta bloei komd, of sels ferdwûn, mar Muiden soe Muiden bliuwe. De seemearmin stiet noch yn it wapen fan Muiden.
 
== De seeslûs ==
[[Ofbyld:Muiden slûs 79.JPG|thumb|right|300px|''Slûs'']]
Nei in ieu oméom'e nocht ûnderhanneljen tusken Holân en Utert wie der noch gjin oeriemkomst om in nije slûs oan de mûning fan de [[Utertske Fecht|Fecht]] yn Muiden oan te lizzen. De Fecht wie foar Utert in wichtige ferbining mei de [[Sudersee]]. De âlde slûs by [[Hinderdam]], ± 5 kilometer lânynwerts, wie yn 1437 oanlein en stie ûnder kontrole fan Utert. Yn 1672 grypte Hollân har kâns; Utert wie beset troch it Frânske leger en mei de bou fan de slûs yn Muiden waard starten.
 
De slûs hie trije primêre funksjes, nammentlik: (1) in [[skutslûs]] foar it skipfeartferkear tusken Sudersee en Fecht, (2) de ferdigening fan it lân tsjin de Sudersee as lêste (3) in militêre funksje. Muiden makke ûnderdiel út fan de [[Hollânske Wetterliny]]. Yn gefal fan [[inundaasje]]s wie de behearsking fan ynlitten fan Suderseewetter essinsjeel. De slûs foarkaam ek it weistromen fan it wetter út de gebieten stroomopwerts dy't ûnder wetter setten wienen.
 
Yn 1674 wie de slûs klear. It kompleks bestie út in dûbelkearende skutslûs, in oan beide siden útwetterings- anneks spuislûzen. It slûzekompleks hie as taak it wetter oan twa kanten te kearen; sawol oan de seekant by floed en as oan de rivierkant by eb. Foar de sekerheid krige de slûs in ekstra stel stoarmfloeddoarren dy't by ekstreem heech wetter sluten waarden. Skipfeart wie dan ûnmooglik. De skutslûs hie in lingte fan 50 meter en in breedte fan 7,5 meter. It slûskompleks waard yn [[1676]] útwreide mei in muorre lâns de mûning fan de VechtFecht om oerstreamings foar te kommen.
 
Nei it opheffen fan de festing Muiden yn 1926 en it ôfsluten fan de Sudersee troch de [[Ofslútdyk]] yn 1932 naam it belang fan de slûs ôf. De slûs is letter modernisearre en wurdt mo meast brûkt troch de plesierfeart.
Rigel 31:
De earste ferdigeningswurken fan Muiden datearje út de earste helte fan de 15e ieu. Yn [[1590]] waarden de muorren ferfongen troch ierden wâlen mei [[bastion]]s nei ûntwerp fan [[Adriaen Anthonisz]]. Ek it [[Muiderslot]] krige in eigen omwâling wêrby't de [[foarburcht]] fan it Muiderslot wegens romtegebrek sloopt wurde moast. As reaksje op de ûntwikkelingen op it gebiet fan oarlochsfiering, waard nei de [[Frâns-Dútse oarloch]] ([[1870]]-[[1871]]) de festing wer modernisearre. It trasee fan de festingwâl waard feroare en der waarden in oantal bakstiennen, bomfrije, ûnderkommens setten. Markante foarbylden hjirfan binne de [[kazerne]] oan it Festingplein, it [[Mûzefort]] (neamd nei mûsgrize soldateunifoarmen) - in yn in [[ravelijn]] ynboude capponière [[kazemat]] - en de holle bear.
 
De bear is in daam yn de festinggrêft dy't it sâlte Suderseewetter fan it swiete wetter yn de grêft skiede moat. Sokke bouwurken komme mear foar by festingstêden, mar dizze is unyk omdat dizze bear in gong mei sjitgatten hat fan wêrút in inundaasjeslûs iepensetten wurde koe. Foar it Muiderslot oer, oan de oare kant fan de Fecht, stiet de Westbatterij. Dizze fortifikaasje is fan 1868 en bestiet út in lyts toerfort mei dêrfoar in batterij yn it dijklichemdyklichem.
 
Muiden makke diel út fan de (Nije) [[Nije Hollânske wetterliny|Hollânske Wetterliny]]. Sûnt 9 jannewaris 1901 hearde Muiden ta de [[Stelling fan Amsterdam]]. It forteilân [[Pampus (eilân)|Pampus]], lizzend binnen de gemeente Muiden, waard boud yn [[1887]]/[[1897]] en wie bestimd om tegearre mei it fjoertoereilân by [[Durgerdam]] en de batterij by de [[Diemerseedyk|Diemer Seedyk]] de yngong fan it [[IJ (Amsterdam)|IJ]] te beskermjen.
 
Muiden is lid fan de [[Feriening Nederlânske Festingstêden]].