Muiden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tikfl.
Rigel 4:
'''Muiden''' iis in stêd en gemeente yn de provinsje [[Noard-Hollân]]. De gemeente bestiet út it festingstedsje Muiden, it [[brinkdoarp]] [[Muiderberg]] en it [[buorskip]] [[Hakkelaarsbrug]]. It hat 3000 ynwenners en in oerflak fan 36,51 km² (wêrfan 22,06 km² wetter). It grutte persintaazje wetteroerflak komt net allinnich troch de haven fan Muiden mar ek trochdat de gemeentegrins trochrint oer it wetter yn de [[IJmar]].
== It besjen wurdich ==
* De herfoarme tsjerke is in [[gGtykGotyk|goatysk]] gebou mei in let-[[romaanse arsjitektuer|romaanse]] toer. Elke jûn om 21.00 oere liedet de klok fan de Nederlânske Herfoarme tsjerke. Dit gebrûk stamt noch út de tiid dat Muiden stedspoarten hie. De klok waard lieden foardat de poarten tichtgienen, as teken foar de bewenners om nei hûs ta te gean foar it jûnsmiel. Faak ieten in soad minsken jûns brij, fandêr de namme "brijklok" (papklok).
* It [[Muiderslot]], in yn goede steat ferkearend Midsieusk [[kastiel]], dat mei bekend wurden is troch syn bouhear [[Floris V fan Hollân|greve Floris V]] en de [[Muiderkring]] om [[Pieter Corneliszoon Hooft]].
* It [[Mûzefort]]
* It eilân [[Pampus (eilân)|Pampus]]
 
== Skiednis fan de stêd ==
De earste, noch bekende fermelding fan it plakje Muiden komt út [[953]]. Keizer [[Otto I de Grutte|Otto I]] skonk doe de delsetting en de dêr wûne toljilden oan it [[Dom fan Utert|Domkapittel]] te [[Utert (stêd)|Utert]]. It doarpke hjitte doe noch 'Amuda'. Dit betsjut 'Mûning fan de A'. De 'A' is in âlde namme fan de [[Utertske Fecht|Fecht]]. Yn [[1122]] krige Muiden tagelyk mei Utert [[stedsrjochten]] fan keizer [[Hendrik V fan it Hillige Roomske Ryk|Hindrik V]], hoewol't it yn it gefal fan Muiden faaks allinnich om inkele stêdlike rjochten gie. De delsetting krige foar 1285 yn elk gefal stedsrjochten fan it Bisdom fan Utert. Neidat it lân dêr't Muiden yn leit skonken waard oan greve Floris V fan Hollân, krige Muiden yn 1296 opnij stedsrjochten, diskear fan Floris V.