Isidoarus fan Sevilla: ferskil tusken ferzjes

L
L (Bot - oars: arz:ايزيدورو السيفييانى; tekstwiziging)
Isidorus, berne yn [[Kartagena]], wie de soan fan Severianus en Teodora en libbe yn Spanje yn de [[Iere Midsieuwen]]. Syn famylje levere ferskate wichtige geastliken lykas syn bruorren Leander en Fulgentius, beide biskop, en syn suster Florentina dy't talrike kleasters stifte. Hy folge syn broer [[Leander fan Sevilla|Leander]] op as [[aartsbiskop]] fan [[Sevilla]]. Syn oare broer Fulgentius wie biskop fan [[Écija|Astigi]].
 
Isidorus wie biskop yn it roerige tiidrek dat folge nei de fal fan it [[West-Romeinske Ryk]]. Hy besocht de Goatyske kultuer fan de [[Fisigoaten]], dy't Spanje sûnt it [[Grutte Folkeferfarren]] beset holden, mei de oerlevere Romeinske kultuer en de kristlike lear te kombinearjen. Dêrby roege hy ek de lêste fan it [[arianisme]] út doe't hy de Fisigoatyske kening [[Reccared I]] ta it [[katolisisme]] bekearde. Hy wie prominint oanwêzich op it [[Konsylje fan Sevilla]] yn [[619]] en it [[Konsylje fan Toledo]] yn [[633]]. By dat lêste konsylje stelde hy [[seminaarje]]s yn by alle Spaanske katedralen. [[Gryksk]], [[Hebrieusk]] en de [[Sân frije keunsten|frije keunsten]] as stúdzje stelde hy dêrby ferplicht, wylst [[rjochten]] en [[genêskunde|medisinen]] troch him oanmoedige waarden. Troch dizze inisjativen fan him, is foar in grut part te tankjen dat in soad klassike kennis troch de midsieuwen hinne yn Spanje behâlden bleaun is.
 
== Ensyclopedist ==
Isidorus skreau meardere boeken, mar is benammen ferneamd wurden as earste gearstaller fan in [[ensyklopedy]], de tweintichdielige [[Etymologiae]]. Oare skriften fan Isidorus binne biografyske wurdboeken, synonimenwurdboeken ("De differentiis verborum", "De differentiis rerum", "Synonyma") en [[Kronyk|KronikenKronikenen]]en ("Chronicon"). Dêrneist ferskine teologyske, taalkundige en natuerhistoaryske wurken fan syn hân. Syn ensyklopedy wie yn de midsieuwen tige populêr en waard ûntelbere kearen kopiearre.
 
== Beskermheilige ==
[[Ofbyld:Meister des Codex 167 001.jpg|thumb|right|180px|Sint Isidorus en biskop Braulio fan Zaragoza.]]
 
== Wurken ==
* Etymologiarum libri viginti
* De natura rerum
* [http://www.heiligen.net/apr/0404.htm H.Isidorus, biskop en tsjerkelearaar (HilligenNet)]
* [http://www.heiligen-3s.nl/heiligen/04/04/04-04-0636-Isidorus-Sevilla.php Isidorus fan Sevilla (Heiligen-3s)]
 
 
[[Kategory:Skriuwer]]
[[Kategory:Spanje]]
 
[[arz:ايزيدورو السيڤييانىالسيفييانى]]
[[ast:Isidoru de Sevilla]]
[[bg:Исидор Севилски]]
46.237

bewurkings