Sjerp de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Rigel 1:
'''Sjerp de Vries''', ( [[Terherne]], [[12 augustus]] [[1925]] ), is in jachtbouwer, siler en ûndernimmer út Terherne.
 
Sylde eartiids mei de [[GWS-skou]]wen, letter mei de [[pream]]. Rjochte mei oaren út de omkriten fan Terherne op [[4 april]] [[1996]] de stichting "[[De Fryske Boerepream"]] op. Boppedat wurke er op de starttoer by de SKS-skûtsjesilen op de pier by Terherne en wie lid fan de Sylrie, en bestjoerslid fan de Terhernster sylferiening "Onder Ons".
 
Boude yn syn libben hûnderten boaten, earst BM-ers, letter in polyester ûntwerp dat er UFO neamde. It wie ommers in ûnbekend skip. It skip waard ferhierd troch it rekreaasjebedriuw mei syn namme yn Terherne. It silen learde er al jong by syn heit Jouke de Vries dy't as [[komelker]] allinnich oer wetter by syn lân komme koe. Alles moast mei de pream en de skou oer it wetter helle en brocht wurde. As der wyn stie koe der in seil by setten wurde, oars moast der boomke wurde. Doe't er in jier of tsien by de gersdroegerij yn Eagmaryp wurke hie koe er it bedriuw fan syn heit en fan syn skoanheit oernimme. Mar omdat de iene komelker wie mei wat lytsfee en de oare dongskipper socht De Vries wat oars.