De Fryske Boerepream: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Ofbyld
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
== Skiednis fan de pream ==
[[Ofbyld:Hynder en meanmasine yn de pream 001.jpg|300px|thumb|right|<small>''Hynder en meanmasine yn de pream''</small>]]
Eartiids hienen in soad boeren yn midden en súdwest Fryslân lân dat allinnich oer wetter te berikken wie. De measte boeren wienen “[[Komelker]]s”. Se hienen in stik of wat kij en in bytsje lân (of hierden dat) dat faak fersnippere lei en fier fan elkoar ôf lei. Ark, bisten, hea, dong en fee moasten ferfierd wurde. Hjirfoar waarden faak preammen brûkt. Dy lieten se faak bouwe op pleatslike hellingen, lykas Bijlsma yn [[Warten]] of Westerdijk yn Terherne of by de pleatslike smid. De opdrachtgever joech dêrby de maten oan, dy't ôfstimd wienen op it oantal kij dat sa'n boer hie. Yn it foarjier waard it fee mei de pream nei it lân ta brocht. Der waarden ek hynders meinomd yn de pream. Op de weromreis koe it hea en de molke der wer by. As de pream troch sleatten moast waard de jaachline brûkt, de farboom of de trilker. Moast men oer puollen en marren dan koe it seil brûkt wurde. Net allinnich boeren hienen in pream, ek skippers dy't mei dong, turf of terpierde farden De hannel waard dan faak ferkocht osn [[skûtsje]] skippers. It koe ek oarsom, de lytsere preammen koenen faak better yn it achterlân komme. De preammen wienen yn it earstaon fan hout mar waarde al gau ferfongen troch izeren preammen dy't goedkeaper wienen, makliker te ûnderhâlden en gienen langer mei. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] kamen der motors efter de pream en doe't begûn waard mei ruilferkaveling wie it gau dien mei de pream as wurkskip. De lannen kamen ommers tichter by elkoar lizzen en der waarden nije diken en brêgen oanlein. De measte preammen waarden as âld izer ferkocht en yn stikken seage of waarden brûkt as ûnderskip foar arken of as kasko foar in motorboat. Yn Terherne waard troch de VVV in pream as sylskip oanhâlden, as earebetoan oan de eardere brûkers krige dy de namme [[De Komelker (Terherne)|De Komelker]].
 
== Fryske Kampioenen ==