Ensafh: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf
No edit summary
Rigel 1:
'''Ensafh''' is in [[Frysk]] literêr ynternettydskrift dêr't om ’e fjirtjin dagen in nije ôflevering fan ferskynt. Op ensafh-ôfleveringen binne gedichten, ferhalen, kollums, literêre besprekken, essees en fraachpetearen te lêzen. Utsein dat binne der noch in tal rubriken op te finen (teleks, aginda, meidielings, blogfragminten, poadium en kommentaar) mei literêr nijs, mei literêre en dêr mei ferbânhâldende nijsgjirrichheden, mei diskusje en mieningsfoarming.
 
== Fúzje tusken Farsk mei Hjir ==
Ensafh is ûntstien út de fúzje fan ynternet-tydskrift [[Farsk]] en it yn druk ferskinende tydskrift [[Hjir]]. Fan ensafh komme alle jierren 20 ôfleveringen op ynternet út en 7 nûmers op papier. De webstee is frij tagonklik, foar de papieren nûmers moat betelle wurde. Dat kin troch in abonnemint te nimmen of yn de boekhannel te keapjen. De ynternet-ôfleveringen en de papieren nûmers ferskille ynhâldlik fan inoar, mar inkeld ris stiet der wat yn in papieren nûmer dat ek op ’e ynternetside te finen is en oarsom.