Hendrik Bulthuis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎BM'ers: oanpast nei Oerlis
L foto Tresoar
Rigel 5:
 
== BM'ers ==
[[Ofbyld:BM-er by Grou. Sa.1927.jpg|thumb|250px|''BM-er op de foargrûn by [[Grou]],±1927'']]
As in frjemd skip foar de wâl lei rûn Pieter út de saak wei om te sjen. Hy koe eins net goed ha dat de sylboaten fan doe, meast gewoane [[skou]]wen de gruttere skippen net besile koe. Yn [[1928]] makke hy tekeningen en boude in boat dy't hy Burgumer Mar neamde, de BM'er. By it silen op de mar helle hy it midswurd omheech by de ûndjipten. It bliek dat de boat omraak sile woe. It brocht in revolúsje yn de jachtbou. De hûd fan in BM'er bestiet út lytse op inoar spikere latsjes. Se binne fêstmakke op mallen dy't sadwaande as spanten tsjinje, mar folle fierder útinoar stean. In soad minsken woene ek in BM'er. Foar Fl 100,- koe elk tekeningen, hout en in lape katoen keapje. Bulthuis hat syn rjochten nea fêstlein yn de foarm fan in oktroai. Der waard doe allinnich troch minsken mei jild syld en it wie Hendrik te dwaan om it silen foar de gewoane man te befoarderjen. Der kamen hieltyd mear BM'ers.