Sjerp de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 5:
Boude yn syn libben hûnderten boaten, earst BM-ers, letter in polyester ûntwerp dat er UFO neamde. It wie ommers in ûnbekend skip. It skip waard ferhierd troch it rekreaasjebedriuw mei syn namme yn Terherne. It silen learde er al jong by syn heit Jouke de Vries dy't as [[komelker]] allinnich oer wetter by syn lân komme koe. Alles moast mei de pream en de skou oer it wetter helle en brocht wurde. As der wyn stie koe der in seil by setten wurde, oars moast der boomke wurde. Doe't er in jier of tsien by de gersdroegerij yn Eagmaryp wurke hie koe er it bedriuw fan syn heit en fan syn skoanheit oernimme. Mar omdat de iene komelker wie mei wat lytsfee en de oare dongskipper socht De Vries wat oars.
 
Doe't der begjin sechtiger jierren in stik lân opspuite waard ûntstie der in strantsje en De Vries besleat in tal boaten te ferhieren omdat er brea seach yn de rekreaasje. Doe't er yn it besit kaam fan in tal boutekeningen besleat er sels in BM-er te bouwen. De BM-er makke er sels yn it bargehok, syn frou Geartsje ferhierde wyls de boaten.
 
== UFO ==
Yn de santiger jierren learde er polyester boaten te bouwen, sadat er fan in soad ûnderhâld ôf wie. De boat moast wat mear romte hawwe as in BM, wat mear komfort en minder buiswetter. De UFO wie ommers bedoeld foar toersilers en hierders. Dêrom kaam in bynrif yn it grutseil en in stoarmfok. De boom koe oan in staach op it efterskip fêstmakke wurde, en oer de kûpekúp koe in polyester deksel dien wurde tsjin it ynreinen. De mallen, makke nei eigen ûntwerp, hied er yn it hok stean. Mei ien wurknimmer boude er mei-elkoar 180 UFO's. It earste jier 5, dêrnei 18 en der wie in winter by dat er wol 30 UFO's makke. It stabile skip mei in lingte fan 6,10 meter wie selsrjochtsjend en waard as famyljeboat presintearre op de [[Recreana]] foar f 8120,-. As seilteken waard in stjer keazen omdat Sjerp de Vries grutte ynteresse hie yn astronomy en romtefeart. De boaten krigen dêrom ek allegear de namme fan planeet of stjer.
;UFO-gegevens:
* lingte 6,10 m, op de wetterline 5,50 m.
Rigel 17:
Yn 1983 koe Sjerp de Vries it bungalowpark oan it Kupersfintsje keapje fan de gemeente en de Stichting Wetterrekreaasje. It wie it begjin fan in rekreaasjebedriuw. De UFO-klup wie in feriening fan UFO-eigeners.
 
Yn 2005 waard syn pream "Nije Kimen" by de iepening fan de [[Snitswike]] útroppen ta 'Boat fan it Jier 2005'. Neidat syn dochter Leentsje it bedriuw oernomd en fuortsetten hie waard it bedriuw úteinlik yn 2008 ferkocht. De UFO-mallen en it deponearre hannelsmerk gienen oer nei de nije eigener.
{{boarnen|boarnefermelding=
* Argyf Ljouwerter Krante 13 augustus 2005