Jeropeesk Parlemint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ynlieding, foech en skiednis nochris besjoen en ferbettere
Rigel 6:
Fan 10 oant en mei 13 septimber 1952 hold de foarrinder fan de [[Jeropeeske Uny]], de [[Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel]], foar de earste kear in parlemintêre gearkomste. Dy gearkomste bestie út 78 nasjonale fertsjintwurdigers, dy't út de ûnderskate nasjonale parleminten keazen wienen.
 
Yn [[1957]] waard mei it [[Ferdrach fan Rome]] de [[Jeropeeske Ekonomyske Mienskip]] en de [[Euratom]] oprjochte. De parlemintêre gearkomste fan de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel fertsjinwurdige tenei alle trije [[Jeropeeske Mienskippen]] en it tal sitten gong nei 142. De parlemintêre gearkomste krige gjin nije taken, mar neamde himsels al wol Jeropeesk Parlemint (yn 1986 waard dy namme pas erkend troch de lidsteaten).
 
Yn juny [[1979]] wurde foar it earst direkte ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint holden. Troch de ferdraggen fan ûnder oaren [[Ferdrach fan Maastricht|Maastricht]] ([[1992]]) en [[Ferdrach fan Amsterdam|Amsterdam]] hat it Jeropeesk Parlemint mear foech krigen. It Jeropeesk Parlemint krige stadichoan hieltyd mear oerienkomsten mei parleminten fan nasjonale steaten.