Briltil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurkleas
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 3:
De '''Briltil''' is in brêge ([[tille]]) oer it [[Hoendjip]], justjes westlik fan [[Súdhorn]] yn de provinsje [[Grinslân]]. De brêge is neamd nei de krite de ''Bril'' ([[Bruul|bril]] betsjut: ''sompich lân'') noardwestlik fan de brêge.
 
Yn de rin fan de tiid is der in doarpke ûnstienûntstien by de tille, dat wilens yn de jierren 70 deun opnaam is yn it útwreidzjende Súdhorn. Briltil waard lykwols gjin wyk fan Súdhorn en hold de eigen namme (en plaknammebuorden). Briltil hie 442 ynwenners op 1 jannewaris 2008. Yn 2002 fierde Briltil it 400-jierrich bestean.
 
Briltil wurdt trochsnien fan it Hoendjip dat oant yn de jierren '30 fan de [[20e ieu]] de wichtichste farrûte tusken [[Grins (stêd)|Grins]] nei [[Fryslân]] wie. Dêrtroch ûnstieûntstie der wat yndustry op dat plak, in pear [[mûne]]n, in [[skipswerf]] en letter in belangrike [[molkfabryk]]. Mei oanlizzen fan it [[Van Starkenborghkanaal]] wie it Hoendjip net langer fan belang en naam de drokte yn it doarp ôf. It molkfabryk is it lêst sloopt yn 2003 en moast romte meitsje foar nijbou.
 
Yntiids hat de [[beropsfeart]] syn plak ôfstien oan de [[plezierfeart]], wat laat hat ta de oanlis fan in [[jachthaven]] by Briltil. It âld fearhûs is doarpshûs anneks horekagelegenheid.
 
===; Betizing===
De wite draaibrêge oer it Hoendjip wurdt meast de Briltil neamd. Feitlik is dat net sa, want de wiere Briltil, in fêste brêge, leit dêr neist oer de [[opfeart]] dy't yn it djip útkomt. De wite brêge hjit ''Brildraai''. De Briltil is boppedat âlder as de Brildraai.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roelofstevens.nl/lijempf/ Oer Briltil en de âlde molkfabryk]
 
 
[[Kategory:Plak yn Grinslân]]