Substraattaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L robot Erbij: br
Aliter (oerlis | bydragen)
L Germaanske lûdferskowing
Rigel 14:
Ek fan it Frysk wurdt oannaam dat der in substraattaal west hat by de folken dy't Frysk prate of praat hawwe. Oer dizze substraattaal fan it [[Frysk]], oantsjut as it [[Protofrysk]], is noch net folle bekend. Dat sil komme moatte fan rekonstruksje út resten.
 
By dizze rekonstruksje wurdt yn it earste plak sjoen nei wurdfoarmen dy't net oan 'e [[GermaanskGermaanske lûdferskowing]]e lûdferskowingnet meidien hawwe. Sa is de [[Yndogermaansk]]e ''p'' oan it wurdbegjin yn alle Germaanske talen ta ''f'' wurden (Latynsk ''pellis'' wurdt ta Frysk ''fel''). As der yn it Frysk wurden foarkomme mei ''p'' oan it wurdbegjin dy't net fan lettere [[ûntliening]] of fan [[lûdneibauwen]] ôfkomstich binne, dan sil it dus om '''substraatwurden''' gean. Mûglike foarbylden binne: ''paad'' en ''poel''.
 
In mooglik foarbyld fan in âlde plaknamme koe ''[[Peazens]]'' wêze.