Willem Suringar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurkleas, seez ik!
L [[]] nochris
Rigel 1:
[[Ofbyld:W.F.R. Suringa.jpg|thumb|Willem F. R. Suringar]]
'''Willem Frederik Reinier Suringar''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[28 desimber]] [[1832]] - [[Leien]], [[12 july]] [[1898]]) wie in Nederlânske [[botanikus]]. Syn heit wie [[Gerard Tjaard Nicolaas Suringar]], útjouwer yn Ljouwert dêr't syn broer [[Hugo Suringar]], ek útjouwer wie.
 
Fan 1850 oant 1855 studearre Suringar [[genêskunde]] oan de [[Ryksuniversiteit Leien]], dêr't er ek ûnderjocht yn de [[botany]] krige. It lêste jier fan syn stúdzje folger er ek les yn de [[mikroskopy]] oan de [[Ryksuniversiteit Utert]] by [[Pieter Harting (biolooch)|Pieter Harting]]. Op 13 maart 1857 promovearre er [[cum laude]] oan de Ryksuniversiteit Leien en waard dêr itselde jier noch bûtengewoan heechlearaar yn de [[botany]].