Flekke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
flekke
 
Aliter (oerlis | bydragen)
Ynterwiki, âld en nij, nammen
Rigel 1:
In '''flekke''' is in foarm fan bewenning dêr't tal fan húzen byelkoar stean en dêr't njonken in tal fan mienskiplike foarsjennings foar de ynwenners ek foarsjennings beskikber binne dy't foar de omkriten fan belang binne.
 
De wichtigstewichtichste fan sokke foarsjennings wie de [[merk]],; endêrom wurdt it [[merkrjocht]] wurdt dêrom wol sjoen as it ûnderskied tusken in [[doarp]] en in flekke. Fierdere foarsjennings binne de bettere mûglikheden fan [[ferfier]] en, fral foar it ûntstean fan de [[massaproduksje]], de oanwêzigens fan ambachtslju.
 
Oars as in stêd wie in flekke net ûnôfhinklik fan it omlizzende gebiet; de flekke hie gjin [[stêdrjocht]]en. De flekke wie krekt as in doarp in gearstallend part fan de [[gritenij]]; de [[himrik]] fan de flekke foarme mei dy fan de doarpen it gebiet fan de gritenij, en de folmachten fan de flekke sieten yn de gritenijrie.
 
Yn Fryslân wurdt ûnderskie makke tusken ''âlde flekken'' en ''nije flekken''. Alde flekken binne plakken, dy't grut wurden binne troch de hannel, en dy't at se harren fierder ûntwikele hienen stêd wurden wienen: [[West-Skylge]], [[Berltsum]], [[Kollum]], [[Makkum]], [[Molkwerum]], [[Balk]], [[Wâldsein]], [[De Jouwer]] en de [[Lemmer]]. Nije flekken binne letter grut wurden troch de [[fean]]graverij, yn in tiid dat stêdsrjochten net mear takend waarden: [[Surhústerfean]], [[Drachten]], de [[Gordyk]] en [[It Hearrenfean]].
 
[[cs:Městys]]
[[da:Flække]]
[[de:Flecken (Ort)]]
[[en:Market town]]
[[eo:Kamparurbeto]]
[[fi:Kauppala]]
[[hu:Mezőváros]]
[[nl:Vlek (nederzetting)]]
[[sv:Köping (samhällsbildning)]]