Natoerreligys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Woadan (oerlis | bydragen)
Aliter (oerlis | bydragen)
Wat oer oare godstjinsten weihelle, feroarings nei oerlis.
Rigel 4:
 
== Natoerreligys yn it deistich libben ==
Ek hjoed de dei noch wurde natoerreligys beliden en wol troch in ûnbetinklik grut part fan de wrâldbefolking. Ornaris binne it de folks- of stamreligys fan lytsskalige mienskippen dy’t oant koartby net in protte kontakt mei de bûtenwrâld hienen. By sokke saneamde natoerfolken is de belibbing fan ’e godstsjinst folle wêzentliker as yn ’e Westerske wrâld; feitlikens wurdt der faak gjin ûnderskie makke tusken religy en de rest fan it libben.
 
By de folken fan de [[Pueblo-kultuer]] ([[Tiwa]], [[Tewa]], [[Towa]], [[Keresan]], [[Hopi]] en [[Zuñi]]), út ’e [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] steaten [[Nij-Meksiko]] en [[Arizona]], bygelyks, behearsket religy elts aspekt fan it libben, ynklusyf de wikselwurking mei it lân, oare folken en boppenatoerlike wêzens, de keunst, ambacht, ekonomy, sosjale struktuer en famyljebannen. Religy is dêr nau ferweve mei al it oare en yntegrearret it ta ien alomfetsjend wrâldbyld. FanútFan it prinsipe út dat de minske yn harmony libje moat mei de natoer, hawwe de Pueblo-folken rike kulturele tradysjes ûntwikkele, dy’t ta útdrukking komme yn gedichten, leginden, lieten, dûnsen, byldhouwurken en oare byldzjende keunsten.
 
== Natoerreligys en de boppenatoerlike wrâld ==
Behalven dat natoerreligys gjin ûnderskie meitsje tusken godstsjinst, natoer en kultuer, sjogge se ek gjin wêzentlik ferskil tusken dizze wrâld en it hjirneimels, yn alle gefallen net sa't de histoaryske godstsjinsten dat dogge. Dêr wurdt de wrâld fan ’e libbenen as eat dat mar amper wurklikheid is beskôge.
 
Yn natoerreligys kommekomt sokkesa'n skerpe tsjinstellings tusken de wrâlden fan ’e libbenen en de deaden net foar. Sy kenne mar ien kosmos, dêr’t himel, hel en ierde net eksplisyt yn faninoar skaat binne en soms yninoar oerrinne, en dêr’t ek de deaden tahâlde, al is dat dan ornaris op in oar, faak wat ûndúdlik plak en yn in steat fan skimich heal-bestean.
It moderne [[hindoesme]], bygelyks, beskôget de wrâld fan ’e libbenen as eat dat mar amper wurklikheid is. De [[Boeda]] neamde dizze wrâld in baarnend hûs, dat de minsken ûntflechtsje moatte. It [[joadendom|joadske]] [[Alde Testamint]] fynt net yn ’e skepen wrâld, mar yn God allinne hillichheid en rjochtfeardichheid. De rasjonalistyske Grykske wiisgear [[Plato]] neamde it lichem in grêf. Yn in apokryf [[kristendom|kristlik]] geskrift seit [[Jezus Kristus]] dat de wrâld in brêge is dy’t oerstutsen wurde moat, mar dêr’t men gjin hûs op bouwe moat. En de tsiende-ieuske [[islaam|islamityske]] teolooch [[Abu Bakr al-Bakillani]] neamde de hiele waarnimbere kosmos neat; allinne [[Allah]] wie echt en útslutend Allah koe de minsken rêde fan it neat.
 
Yn natoerreligys komme sokke skerpe tsjinstellings tusken de wrâlden fan ’e libbenen en de deaden net foar. Sy kenne mar ien kosmos, dêr’t himel, hel en ierde net eksplisyt yn faninoar skaat binne en soms yninoar oerrinne, en dêr’t ek de deaden tahâlde, al is dat dan ornaris op in oar, faak wat ûndúdlik plak en yn in steat fan skimich heal-bestean.
 
== Nammen fan Natoerreligys ==
Line 21 ⟶ 19:
 
== Konflikten mei oare godstsjinsten ==
De reäksje op ’e ynfloeden fan oare godstsjinsten kin noch folle fierder gean as allinne in namme oan in natoerreligy te jaan. Sa hawwe de [[Adi]], [[Mishmi]], [[Apatani]], [[Tangsa]] en guon lytsere folken, út ’e [[Yndia|Yndiaaske]] [[Himalaja]]-steat [[Arunachal Pradesh]], harren natoergodstsjinsten byinoar brocht ûnder de namme ''[[Donyi Polo'']], om in fûst meitsje te kinnen tsjin it opkringende [[kristendom]]Kristendom. ''Donyi'' is Adi foar “sinne” en ''Polo'' foar “moanne”; de sinnegoadinne en de moannegod binne nammentlik de heechste godheden fan ’e oangeande natoerfolken. De stêd [[Pasighat]] is it sintrum fan dizze nije, âlde godstsjinst, dy’t troch it oernimmen fan ’e metoaden fan ’e organisearre religys, lykas rituëlen op sette tiden (sneontemoarns) yn in dêrfoar bedoeld gebou, (in saneamdede ''dere''), en it op skrift stellen fan syn myten, lieten en learstellings, besiket te oerlibjen yn ’e moderne wrâld.
 
Dat oerlibjen wurdt hjoed de dei, no’t der ek foar natoerfolken frijwol gjin manear mear is om har fan ’e rest fan de wrâld ôf te sûnderjen, hieltyd dreger. Al ieuwenlang hawwe prekers fan ’e wrâldgodstsjinsten [[kristendom]]Kristendom, [[islaam]]Islam en [[boedisme]]Boedisme besocht om de oanhingers fan oare religys, en dus ek fan natoerreligys, fan harren leauwe ôf te bringen, faak mei twang en soms sels mei geweld. It kin as tekenjend foar de krêft fan ’e ynheemske godstsjinsten beskôge wurde, dat der oan it begjin fan ’e ienentweintichste ieu noch safolle minsken op ’e wrâld binne, dy’t net oan dy druk tajûn hawwe. In ûntwikkeling fan dizze tiid is dat middenmank de Westerske wrâld mear [[Yndianen]] yn [[Noard-Amearika]], [[Lappen]] yn [[Skandinaavje]] en [[Australyske Aboriginals|Aboriginals]] yn [[Austraalje]] kieze foar leauwe fan harren foarâlden.
 
== Fersprieding en oanhing ==
Natoerreligys hawwe, nei it Kristendom en de Islam, de grutste geografyske fersprieding, (hoewol net de grutste oanhing), fan alle godstsjinsten. Der binne nei gedachten tusken de 1.500 en 2.500 ûnderskate natoerreligys, dy’t mei-inoar yn ’e hiele wrâld sa’n 325 miljoen oanhingers hawwe, likernôch 5,4% fan ’e wrâldbefolking. De grutste natoerreligy is sûnder mis dy[[Itan]], de religy fan ’e [[Yoruba]] fan súdwestlik [[Nigearia]] en súdlik [[Benyn]], dy’t tusken de 15 en 20 miljoen oanhingers hat en bekend stiet ûnder de namme ''Itan''.
 
== Sjoch ek ==
Line 57 ⟶ 55:
 
== Literatuer ==
* Bendure, G., Bendure en Friary, N. Friary, ''Micronesia'', Hawthorn, 1995.
* Bertholet, A., Bertholet en Campenhausen, H. Freiherr von Campenhausen, ''Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten'', DenDe Haach, 1970.
* Bowker, J. Bowker, ''Een wereld van religies'', Kampen, 1999.
* Collins, R., ûnder redaksje fan, ''Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika'', ûnder redaksje fan R. Collins, Amsterdam, 1995.
* -, ''Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft'', Tübingen, 1957-1962.
* Eliade, M., Eliade en Couliao, I.P. Couliao, ''Wereldreligies in kaart gebracht'', Utert, 1992.
* Finlay, H., e.o.Finlay en oaren, ''Australia'', Hawthorn, 1998.
* -, ''Grote Winkler-Prins encyclopedie'', Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
* Kielich, W. Kielich, ''Volken en Stammen - Indonesië'', Amsterdam, 1976.
* Langley, M. Langley, ''Wereldgodsdiensten'', Kampen, 1996.
* Mayhew, B., e.o.Mayhew en oaren, ''Indian Himalaya'', Hawthorn, 2000.
* Rachowiecki, R. Rachowiecki, ''Southwest USA - Arizona, New Mexico, Utah'', Hawthorn, 1995.
* Smith, H. Smith, ''De religies van de wereld'', Utert, 1999.
* Thomas, B., e.o.Thomas en oaren, ''India'', Hawthorn, 1997.
* Turner, P., e.o.Turner en oaren, ''Indonesia'', Hawthorn, 1997.