Feda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: sa:वेदः
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: no:Vedaene; tekstwiziging
Rigel 2:
De '''Veda's''' (wat ''witte'' of ''kennis'' betsjut) binne fjouwer skriften dy't de grûnslaggen foarmje fan de [[upanishad]]en, de Yndiaaske [[filosofy]] en harren [[religy]]s. Se bestean út religieuske [[hymne]]n oer God(en), spirituele filosofy, it universum, de natuer en de krekte wize fan libben. Dizze skriften binne ûntstien tusken 1500 en 500 f. Kr.
 
== Oarsprong ==
Nei alle gedachten is de âldste Veda, de Rig Veda ûntstien by de [[Ariërs]], in Yndo-Jeropeesk folk dat sûnt de [[15e ieu f. Kr.]] Yndia ynloek. De lettere Veda's wurde beskôge as iepenbieringen fan saneamde [[rishy]]'s of wize stamhaden dy't harren kennis opdienen troch direkte waarnimming yn suver bewust wêzen. Dêrmei hearre sy ta de alderearste religieuske teksten fan de wrâld.
 
De Veda binne pas frij let nei de útfining fan it skrift opskreaun. Dat hie te krijen my de ieuwenâlde tradysje om kennis út de holle te learen. Dat oanlearen fan dizze kennis barde troch spesjale persoanen (pandits) dy't traind wienen de hymnen út de holle te learen. By de religieuske [[kaste]] fan de [[Brahmaan|Brahmanen]] waard dizze kennis faak troch famylje trochjûn. Spesjale fersstruktueren en ritmes soargen derfoar dat de teksten yntakt bliuwe koenen, hoewol't in protte teksten yn de rin fan de tiid toch ferlearn gean soenen.
== Ynhâld ==
De fjouwer wichtichste Veda's binne:
* de [[Rig Veda]]: basisveda mei hymnen dy't ek yn de oare diels brûkt wurde
* de [[Sama Veda]]: sangfoarm
* de [[Yajur Veda]]: swarte en wite
* de [[Atharva Veda]]: rituelen
 
Fierders binne der ek noch wat sub-Veda's, lykas de [[Ayurveda]] dy't oer genêskunde giet, de [[Gandharva Veda]] oer [[muzyk]] en de [[Sthapatya Veda]] oer de [[boukeunst]]. Al dizze skriften hawwe gjin religieuske ynhâld. Bekender as de Veda's binne de [[Upanishads]], wêryn útlis jûn wurdt oer de filosofy efter de Veda's.
 
De Veda's binne skreau yn it tige âlde foarm fan it [[Sanskryt]]. In grut oantal wurden dy't brûkt wurde kinne hjirtroch ferskate betsjuttings hawwe, wêrtroch ferskate ynterpretaasjes fan ien tekst mooglik binne.
Rigel 23:
* {{Aut|Angot, M.}} ''L'Inde classique'', Soc. éd. Les Belles Lettres, Paris, 2001.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.sacred-texts.com/hin/ Sacred-Texts.com - Oersettingen troch yndologen]
* [http://www.katinkahesselink.net/india/oude-teksten.html ynformaasje oer de Veda's en sitaten]
 
 
[[Kategory:Mytology]]
Line 65 ⟶ 64:
[[nl:Veda's]]
[[nn:Veda]]
[[no:Veda-samlingeneVedaene]]
[[pl:Wedy]]
[[pt:Vedas]]