Sjerp de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎UFO: foto's der by
Rigel 8:
 
== UFO ==
[[Ofbyld:UFO's Sjerp de Vries Handicap Trophy.jpg|thumb|rjochts|300px|''Handicap Trophy'']]
[[Ofbyld:UFO's Sjerp de Vries oantinkentegeltsje.jpg|thumb|rjochts|300px|''Tegeltsje Handicap Trophy'']]
Yn de santiger jierren learde er polyester boaten te bouwen, sadat er fan in soad ûnderhâld ôf wie. De boat moast wat mear romte hawwe as in BM, wat mear komfort en minder buiswetter. De UFO wie ommers bedoeld foar toersilers en hierders. Dêrom kaam in bynrif yn it grutseil en in stoarmfok. De boom koe oan in staach op it efterskip fêstmakke wurde, en oer de kúp koe in polyester deksel dien wurde tsjin it ynreinen. De mallen, makke nei eigen ûntwerp, hied er yn it hok stean. Mei ien wurknimmer boude er mei-elkoar 180 UFO's. It earste jier 5, dêrnei 18 en der wie in winter by dat er wol 30 UFO's makke. It stabile skip mei in lingte fan 6,10 meter wie selsrjochtsjend en waard as famyljeboat presintearre op de [[Recreana]] foar f 8120,-. As seilteken waard in stjer keazen omdat Sjerp de Vries grutte ynteresse hie yn astronomy en romtefeart. De boaten krigen dêrom ek allegear de namme fan planeet of stjer.
;UFO-gegevens:
Line 16 ⟶ 18:
* seiloerflak 11 m² (toertúch), fok 5,50 m²
Yn 1983 koe Sjerp de Vries it bungalowpark oan it Kupersfintsje keapje fan de gemeente en de Stichting Wetterrekreaasje. It wie it begjin fan in rekreaasjebedriuw. De UFO-klup wie in feriening fan UFO-eigeners.
;Handicap Trophy
 
Yn 1983 waard by Terherne troch 30 UFO's syld om de Handicap Trophy''. De bemanning fan de UFO's op de foto bestie út minsken mei in beperking dy't nei ôfrin in tegeltsje as oantinken meikrigen.<br>
Yn 2005 waard syn pream "Nije Kimen" by de iepening fan de [[Snitswike]] útroppen ta 'Boat fan it Jier 2005'. Neidat syn dochter Leentsje it bedriuw oernomd en fuortsetten hie waard it bedriuw úteinlik yn 2008 ferkocht. De UFO-mallen en it deponearre hannelsmerk gienen oer nei de nije eigener.
{{boarnen|boarnefermelding=
* Argyf Ljouwerter Krante 13 augustus 2005