Henry Hudson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
letter mear
Rigel 6:
 
Hudson syn lêste ekpedysje hie it doel om de [[Noardwest Passaazje]] te finen. Hy ûntdekte doe [[Strjitte Hudson]] en de [[Hudsonbaai]]. Nei de oerwintering yn [[Jamesbaai]] yn 1611, woe Hudson fierder nei it westen trochsette, mar it grutste part fan syn bemanning makken oproer en setten Hudson, syn soan, en oaren yn in sloep. Net ien hat se ea wer sjoen.
 
== Earste en twadde reist ==
Der is suver neat bekend oer Hudson syn libben fan foar [[1607]]. Saakkundigen binne it net iens oer syn bertejier en komôf. Yn 1607 makke er yn tsjinst fan de Ingelske [[Muscovy Company]] syn earste ûndekkingsreis.. Hudson wie in betûft seeman en wie op de hichte mei it wurk fan [[Willem Barends]]. Hy ûndersike de kusten fan [[Spitsbergen]] en berikte 80°23'N dêr't swiere iisgong fierder farren slim behindere. Op de weromreis soe Hudson it [[fulkaan|fulkanyske]] eilân [[Jan Mayen]] (Doe Hudson's Tutches meamd) op'en nij ûntdutsen hawwe. Oaren liket dat ûnwierskylik út reden fan de ûnlogyske rûte dy't er dan folgje moatten hawwe soe. Boppedat neamt Hudson it net yn it lochboek.<ref>"The above relation by Thomas Edge is obviously incorrect. Hudson's Christian name is wrongly given, and the year in which he visited the north coast of Spitsbergen was 1607, not 1608. Moreover, Hudson himself has given an account of the voyage and makes absolutely no mention of Hudson's Tutches. It would have been hardly possible indeed for him to visit Jan Mayen on his way home from Bear Island to the Thames." Wordie (1922), s. 182.</ref> Op de kaarten fan dizze reis wurdt ek gjin bewiis foar de ûnderstelde ûntdekking fûn.<ref>Hacquebord (2004), s.229.</ref>
 
Yn [[1608]] makke er in twadde reis mei as doel it finen fan in trochgong tusken Spitsbergen en [[Nova Sembla]] (en sa fierder nei Aazje). Yn de [[Karasee]] waard er lykas de earste kear trich it [[Iis|iis]] tsjinholden.
 
{{boarnen|boarnefernijing=