Henry Hudson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
letter mear
letter mear
Rigel 1:
{{stobbewurk}}
[[Ofbyld:HenryHudson.jpg|thumb|200px|19e ieusk ûnbetrouber portret fan Henry Hudson]]
[[Ofbyld:Henry Hudson Map 26.png|thumb|200px|De Noard-Amerikaanske reizen fan Hudson]]
Rigel 11:
 
Yn [[1608]] makke er in twadde reis mei as doel it finen fan in trochgong tusken Spitsbergen en [[Nova Sembla]] (en sa fierder nei Aazje). Yn de [[Karasee]] waard er lykas de earste kear trich it [[Iis|iis]] tsjinholden.
 
== Tredde reis ==
Yn [[1609]] makke Hudson wer in reis, dit kear yn tsjinst fan De Keamer fan de VOC yn Amsterdam. Op 8 jannewaris tekent er it kontrakt tegearre mei [[Jodocus Hondius]], dy’t as tolk fungearre.
 
Mei de ''Halve Maen'', in skip fan amper 70 [[Registerton|ton]] en in Nederlânsk-Ingelske bemanning (20 koppen) gong er opnij op paad om de Noardeastlike passaazje te sykjen. De rûte wie trochsprutsen mei dûmny [[Petrus Plancius]], dy’t fan betinken wie dat it tichter by it noarden waarmer wurde soe en it wetter iisfrij wêze soe. Men wie hastich fanwege mooglike Frânske konkurrinsje fan [[Isaac le Maire]] syn ekspedysje.
 
Op [[4 april]] [[1609]] ferliet er de haven fan Amsterdam. Doe’t er om de [[Noardkaap]] sile wie die bliken dat de iisgong noch helte slimmer wie as op syn eardere reizen. De bemanning protestearre yn de omkriten fan [[Nova Sembla]]. Ynstee fan trochsette of op te jaan, besleat Hudson it oer in oare boech te smiten. Hy stiek de Atlantyske Oseaan oer en begûn te sykjen nei in trochfeart troch Noard-Amerika]; hy basearre him op ynformaasje fan in kolonist út [[Firginia]].
 
== Lêste reis ==
Nei dizze reis waard it Hudson fernean om nochris ûnder frjemda flaffe te farren, dat syn folgjende reis barde wer ûnder Ingelske flagge. (april [[1610]])