Henry Hudson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurkleas
Rigel 20:
Healwei july wie Hudson bewesten fan [[Nova Scotia]], bedarre yn in stoarm en folge doe de kust nei it suden mei in nije mêst. Op 4 augustus farde it skip [[Cape Cod]] by del. [[Chesapeake Bay]] en [[Delaware Bay]] waarden hastich ferkend, en doe berikte Hudson op 3 septimber de rivier dy’t ynearsten ''Mauritius'' en letter nei him neamd wurde soe. Hy wie trouwens net de ûntdekker fan de [[Hudson (rivier)|Hudson]]; de rivier wie al bekend sûnt de reis fan [[Giovanni da Verrazzano]] yn 1524.
 
Hudson farde sa’n 200 kilometer de rivier op, sa’n bytsje oant de hjoeddeiske stêd [[Albany (New York)|Albany]] ([[Kinderhook (New York)|Kinderhook]]) ta. Geregeldwei waard de omkrite ferkend mei de sloep. De bemanning ruile griene [[tabak]], oesters, maiskolven, druven, pompoenen en bever- en otterfellen mei de yndianen foar snypsnaren, messen en kralen. Op in stuit brieken de Yndianen harren pylken, om Hudson sjen te litten dat er net benaud hoechde te wêzen . Op 23 septimber besleat Hudson werom te gean, omdat dúdlik waard dat dizze rivier net de trochgong nei de [[Grutte Oseaan]] wêze koe dy’t hja sochten.<ref>[http://www.s4ulanguages.com/delaet.html ''Nieuwe Wereldt ofte Beschrijvinghe van West-Indien, uit veelerhande Schriften ende Aen-teekeningen van verscheyden Natien (Leiden, Bonaventure & Abraham Elseviers, 1625)]''s.84:"/tot by de 43 graden by noorden de linie/ alwaer de rivier heel nauw werdt ende ondiep/ soo dat sy terugghe keerden."</ref>. Op 4 oktober gie men wer nei see en op 7 novimber kaam Hudson yn [[Dartmouth (Devon)]] oan. Hudson waard lywols fêstset troch de autoriteiten dy't it skipssjoernaal besette woenen. It slagge him lykwols it lochboek yn hannen fan de Nederlânske ambassadeur yn Ingelân te spyljen dy't it nei Amsterdam stjoerde.<ref>Shorto 2004, s.31</ref>
 
Op grûn fan dizze reis lei Nederlân in kleem op dit gebiet en op de [[bonthannel]]. Der kaam in hannelspost yn Albany yn 1614. [[Nij Amsterdam]] yn [[Manhattan]] waard it haadplak fan [[Nij Nederlân]] yn 1625.