Henry Hudson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st red
Rigel 2:
[[Ofbyld:Henry Hudson Map 26.png|thumb|200px|De Noard-Amerikaanske reizen fan Hudson]]
[[Ofbyld:Halve Maen front.jpg|thumb|Replika fan Hudson's skip ''Halve Maen'', yn 1909 skonken troch Nederlân oan de FS doe't it 300 jier lyn wie dat de kontrei om New York ûntdutsen waard]]
'''Henry Hudson''' (± 1560/70s - 1611?) wie in [[Feriene Keninkryk|Ingelse]] [[ûntdekkingsreizger]] en [[seefarder]] yn de iere [[17e ieu]]. Yn opdracht fan Ingelske hannelers makke er ferskate reizen om de noardeast trochgong nei [[Yndia]] te finen. Hudson ferkende teffens it gebiet dêr't no [[New York City]] is doe't er socht nei in westlike rûte nei Aazje fanwegen de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy|VOC]].<ref>[http://www.s4ulanguages.com/delaet.html ''Nieuwe Wereldt ofte Beschrijvinghe van West-Indien, uit veelerhande Schriften ende Aen-teekeningen van verscheyden Natien (Leiden, Bonaventure & Abraham Elseviers, 1625)''] p.83: "/in den jare 1609 sonden de bewindt-hebbers van de gheoctroyeerde Oost-Indischische compagnie het jacht de halve mane/ daer voor schipper ende koopman op roer Hendrick Hudson, om in 't noordt-oosten een door-gaat naer China te soecken[...]"("in the year 1609 the administrators of the East Indies Compagny sent the half moon under Hudson to seek a northeast passage to China[...]") </ref>. Hy ferkende de rivier de [[Hudson (rivier|Hudson]] en lei sa it fûnemint foar de Nederlânske kolonisaasje fan dy kontrei, dy't fruchtber wie en in soad fisk en bontbûnt hie.
 
Hudson syn lêste ekpedysje hie it doel om de [[Noardwest Passaazje]] te finen. Hy ûntdekte doe [[Strjitte Hudson]] en de [[Hudsonbaai]]. Nei de oerwintering yn [[Jamesbaai]] yn 1611, woe Hudson fierder nei it westen trochsette, mar it grutste part fan syn bemanning makkenmakke oproer en settensette Hudson, syn soan, en oaren yn in sloep. Net ien hat se ea wer sjoen.
 
== Earste en twadde reistreis ==
Der is suver neat bekend oer Hudson syn libben fan foar [[1607]]. Saakkundigen binne it net iens oer syn bertejier en komôf. Yn 1607 makke er yn tsjinst fan de Ingelske [[Muscovy Company]] syn earste ûndekkingsreis.ûntdekkingsreis. Hudson wie in betûft seeman en wie op de hichte mei it wurk fan [[Willem Barends]]. Hy ûndersike de kusten fan [[Spitsbergen]] en berikte 80°23'N dêr't swiere iisgong fierder farren slim behindere. Op de weromreis soe Hudson it [[fulkaan|fulkanyske]] eilân [[Jan Mayen]] (Doe Hudson's Tutches meamd) op'en nij ûntdutsen hawwe. Oaren liket dat ûnwierskylik út reden fan de ûnlogyske rûte dy't er dan folgje moatten hawwe soe. Boppedat neamt Hudson it net yn it lochboek.<ref>"The above relation by Thomas Edge is obviously incorrect. Hudson's Christian name is wrongly given, and the year in which he visited the north coast of Spitsbergen was 1607, not 1608. Moreover, Hudson himself has given an account of the voyage and makes absolutely no mention of Hudson's Tutches. It would have been hardly possible indeed for him to visit Jan Mayen on his way home from Bear Island to the Thames." Wordie (1922), s. 182.</ref> Op de kaarten fan dizze reis wurdt ek gjin bewiis foar de ûnderstelde ûntdekking fûn.<ref>Hacquebord (2004), s.229.</ref>
 
Yn [[1608]] makke er in twadde reis op de ''Hopewell'' mei as doel it finen fan in trochgong tusken Spitsbergen en [[Nova Sembla]] (en sa fierder nei Aazje). Yn de [[Karasee]] waard er lykas de earste kear trich it [[Iis|iis]] tsjinholden.
Rigel 16:
Mei de ''Halve Maen'', in skip fan amper 70 [[Registerton|ton]] en in Nederlânsk-Ingelske bemanning (20 koppen) gong er opnij op paad om de Noardeastlike passaazje te sykjen. De rûte wie trochsprutsen mei dûmny [[Petrus Plancius]], dy’t fan betinken wie dat it tichter by it noarden waarmer wurde soe en it wetter iisfrij wêze soe. Men wie hastich fanwege mooglike Frânske konkurrinsje fan [[Isaac le Maire]] syn ekspedysje.
 
Op [[4 april]] [[1609]] ferliet er de haven fan Amsterdam. Doe’t er om de [[Noardkaap]] silesyld wie die bliken dat de iisgong noch helte slimmer wie as op syn eardere reizen. De bemanning protestearre yn de omkriten fan [[Nova Sembla]]. Ynstee fan trochsette of op te jaan, besleat Hudson it oer in oare boech te smiten. Hy stiek de Atlantyske Oseaan oer en begûn te sykjen nei in trochfeart troch Noard-Amerika]; hy basearre him op ynformaasje fan in kolonist út [[Firginia]].
 
Healwei july wie Hudson bewesten fan [[Nova Scotia]], bedarre yn in stoarm en folge doe de kust nei it suden mei in nije mêst. Op 4 augustus farde it skip [[Cape Cod]] by del. [[Chesapeake Bay]] en [[Delaware Bay]] waarden hastich ferkend, en doe berikte Hudson op 3 septimber de rivier dy’t ynearsten ''Mauritius'' en letter nei him neamd wurde soe. Hy wie trouwens net de ûntdekker fan de [[Hudson (rivier)|Hudson]]; de rivier wie al bekend sûnt de reis fan [[Giovanni da Verrazzano]] yn 1524.
 
Hudson farde sa’n 200 kilometer de rivier op, sa’n bytsje oant de hjoeddeiske stêd [[Albany (New York)|Albany]] ([[Kinderhook (New York)|Kinderhook]]) ta. Geregeldwei waardwaarden de omkriteomkriten ferkend mei de sloep. De bemanning ruile griene [[tabak]], oesters, maiskolven, druven, pompoenen en bever- en otterfellen mei de yndianen foar snypsnaren, messen en kralen. Op in stuit brieken de Yndianen harren pylken, om Hudson sjen te litten dat er net benaud hoechde te wêzen . Op 23 septimber besleat Hudson werom te gean, omdat dúdlik waard dat dizze rivier net de trochgong nei de [[Grutte Oseaan]] wêze koe dy’t hja sochten.<ref>[http://www.s4ulanguages.com/delaet.html ''Nieuwe Wereldt ofte Beschrijvinghe van West-Indien, uit veelerhande Schriften ende Aen-teekeningen van verscheyden Natien (Leiden, Bonaventure & Abraham Elseviers, 1625)]''s.84:"/tot by de 43 graden by noorden de linie/ alwaer de rivier heel nauw werdt ende ondiep/ soo dat sy terugghe keerden."</ref>. Op 4 oktober gie men wer nei see en op 7 novimber kaam Hudson yn [[Dartmouth (Devon)]] oan. Hudson waard lywols fêstset troch de autoriteiten dy't it skipssjoernaal besette woenen. It slagge him lykwols it lochboek yn hannen fan de Nederlânske ambassadeur yn Ingelân te spyljen dy't it nei Amsterdam stjoerde.<ref>Shorto 2004, s.31</ref>
 
Op grûn fan dizze reis lei Nederlân in kleem op dit gebiet en op de [[bonthannelbûnthannel]]. Der kaam in hannelspost yn Albany yn 1614. [[Nij Amsterdam]] yn [[Manhattan]] waard it haadplak fan [[Nij Nederlân]] yn 1625.
 
== Lêste reis ==
Nei dizze reis waard it Hudson ferneanferbean om nochris ûnder frjemde flagge te farren, dat syn folgjende reis barde wer ûnder Ingelske flagge. (april [[1610]]) De ekspedysje waard betelle troch de ''Virginia Company'' en de ''British East India Company''.<br>
Hy stiek no ek wer de Atlantyske Oseaan oer op it skip ‘’Discovery’’, mar no noardliker (fia [[Yslân]] en de súdpunt fan [[Grienlân]]) as op syn foarige tocht. Hy berikte de noardeastpunt fan it Kanadeeske fêstelân en farde tusken [[Baffineilân]] en [[Labrador (skiereilân)|Labrador]] troch en ûntdekte de Hudsonstrjitte dy’t him nei it westen ta yn de [[Hudsonbaai]] brocht. Hy folge de eastkust fan de Hudsonbaai nei it suden oant de súdpunt ([[Jamesbaai]]).
Doe’t it skip yn it iis fêstrekke begûn syn bemanning te fûterjen. Underweis hienen hja gjin minske sjoen. It wie Hudson al langer net tafallen om de oarder te bewarjen, mar no waard dat noch dreger. Hy waard fertocht fan it benefterhâlden fan de rantsoenen en hy soe guonts befoardielje. Doe’t it skip yn juny 1611 los rekke waard it reboelje. Hudson, syn soan dy’t ek loads wie en sân oare fertroulingen waarden yn in sloep set en fierders oan harren lot oerlitten. Doe’t de ‘’Discovery’’ werom yn Ingelân woewie waard de bemanning fêstset.
 
{{boarnen|boarnefernijing=