Rinsumageast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 24:
 
== Bynamme ==
De bynamme foar ynwenners fan Rinsumageast is 'Hûnewippers'.<ref>[http://www.itkin.nl/rinsumageest/algemeen_hunewippers.htm Hûnewippers]</ref> Dizze term komt út it hûnegoaien dat earder organisearre waard op de merke fan it doarp. De bedoeling wie safolle mooglik hûnen te fangen. Inkele manlju stienen al ree mei in koarde dat men slop hingje liet. Yn de midden waard de hûn dêrop setten, wêrnei't it tou mei krêft oanlutsen waard. Op dizze wiize waard de hûn oer de feart yn'e midden fan it doarp hinne gisele. Tsjintwurdich wurdt dit net mear mei libjende hûnen dien.
 
== Aleksandertsjerke ==
It âldste diel fan de [[Romaanske styl|romaansk]]e herfoarme Aleksandertsjerke fan Rinsumageast komt út de [[11e ieu]]. Yn de 13e ieu is de tsjerke fergrutte troch de oanbou fan in [[Goatyk|letgoatyske]] sydbeuk oan de súdkant fan de tsjerke en 3 skippen. Yn de 16e ieu waard dit wer feroare yn 2 skippen. Under it koar sit in foar Noard-Nederlân seldsume [[krypte]], in ferburgen kapeltsje ûnder de grûn. De toer hat as bekroaning in saneamd [[sealtek]].
Om de tsjerke lizze in tal aadlike grêven, mei "napkestiennen". Dit binne balstiennen mei rûne boargatten, dêr't nei alle gedachten yn de heidenske tiden, mar ek noch wool yn it Kristendom (temûk), fruchtberheidoffers yn stoppe waarden foar heidenske goaden. It boarre grúsboargrús dat by it boarjen fan de gatten ûntstie waard, sa 't sein waard, troch de froulju wol opiten, sa soenen se gauwer bern krije. It tsjerkestee soe eartiids in wichtich heidens kultusplak west hwaaehawwe kinne.
== Rjochthûs ==
Yn it eardere rjochthûs fan Rinsumageast sit tsjintwurdich in restaurant de de eardere piip. Der binne plannen om de yn 1971 ôfbrutsen piip wer yn eare te herstellen. Foar 1880 wie Rinsumageest it haadplak fan Dantumadiel en de grytmannen kamen gear yn it rjochthûs "Het Wapen van Dantumadeel". Rinsumageest hat altiten in oansjenlik foarkommen hân troch de aadlike Tjaarda's, de Juckema's (of Juwsma's), de Eijsinga's en de Aylva's mei harren states.