Skieringers en Fetkeapers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Aliter (oerlis | bydragen)
Karakter fan de partijtiid hjir weilitten; begjin, partijen ein
Rigel 1:
De '''Skieringers en Fetkeapers''' wienen de twa partijen yn de [[partijtiid]] yn [[Fryslân]]. De [[Fetkeapers]] wienen foar it bewâld fan Hollân, wienen op de hân fan de [[Norbertinen]] en wienen fral sterk yn easten fan Fryslân. De [[Skieringers]] wienen foar [[Fryske frijheid|lânseigen bewâld]], wienen op de hân fan de [[Bernardinen]] en wienen fral sterk yn [[Westergoa]].
De [[Fryske Frijheid]] sneuvele yn de twadde helte fan de 15e ieu troch in kombinaasje fan ynterne partijstriid en de opkomst fan sterke lânshearlike steaten. Yntern wiene der hieltyd fetes tusken de haadlingen (adellike grutgrûnbesitters). Dy fetes laten ta de striid tusken Skieringers en Fetkeapers. De Fetkeapers linen op help fan de stêd [[Grins]] dy't wurke oan de opbou fan in eigen stedsteat. De Skieringers fûnen op it lêst stipe by hartoch [[Albrecht van Saksen]]. Albrecht woe wol helpe, mar hy hie ek syn eigen aginda. Hy socht in gebiet foar syn jongste soan Hendrik.
 
De oanlieding fan de Fryske partijstriid wurdt socht yn spul tusken de [[konvers]]en fan de twa kleasteroarders. Lykas by partijstriid yn oare gebieten waard it lykwols ta in net úttiisbere kleaune fan konflikten
 
De Fetkeapers linen yn de 15e ieu op help fan de stêd [[Grins]] dy't wurke oan de opbou fan in eigen stedsteat. De Skieringers fûnen op it lêst, yn [[1498]], stipe by hartoch [[Albrecht van Saksen]]. Albrecht woe wol helpe, mar hy hie ek syn eigen aginda. Hy socht in gebiet foar syn jongste soan Hendrik. De Fetkeapers fûnen stipe by de [[Karel fan Gelre]], [[1514]], dy wol helpe woe, mar likesagoed fan doel wie it bewâld oer Fryslân oer te nimmen.