Ardinnenoffinsyf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
Wikix (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
 
== Ein 1944 ==
Oan de ein fan [[1944]] wie it de Alliearden al slagge om [[Frankryk]] en [[Belgje]] werom te feroverjen op de Dútsers. De opmars fan de Alliearden wie de flugge kant neist wêrtroch de ôfstân fan de ûnderstypjende ienheden fan de Alliearden nei harren troepen oan it front hieltyd grutter waard. Dêrtroch wie it dreech om harren troepen fan iten en drinken te foarsjen. Foar de slach waard der al fochten yn de Ardennen en de Amerikaanske ynfantry hie doe al grutte ferliezen trochdat harren [[List fan fjochtfleanmasinen|fjochtfleanmasinen]] mei de kâlde winterdagen net fan 'e grûn komme koenen. Fierdere opmars oer de [[Ryn]] soe dan in nuodlike saak wurde. [[Adolf Hitler]] wie fan doel de seehavens fan [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] en [[Rotterdam]] foar de Dútsers te behâlden en in fierdere opmars fan de [[Alliearden]] op te kearen en dêrmei in sinjaal dat de Dútsers gjin belies joegen. Hitler tocht dat de kriich oan it westfront op dizze wize gau ta in ein komme soe sadat de Dútsers inkeld noch de [[Sowjetuny|Sowjets]] op it eastfront bekampe moasten. De Dútsers setten it lêste grutte offensyf útein mei 250.000 manlju en 1.000 tanks.
 
== It offensyf ==