Folk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
Wikix (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
 
== Folk as etnisiteit ==
In folk kin ek in bepaalde groep minsken wêze dy't ûnderlinge ferwantskip en ferbûnenens fiele op basis fan ien of meardere mienskiplike kenmerken. Mei dizze definysje kinne we sizze dat de Belgyske befolking út trije folken bestiet: [[Flaanderen|Flamingen]], [[Walloanje|Walen]] en Dútsers ([[Dútsk]]talige Belgen). Faak wurdt taal as ít kenmerk fan in folk sjoen. In bysûnder gefal is it [[joadenJoaden|joadskeJoadske folk]], dat primêr op in religjeuze ferbûnenens basearre is: mar ûngefear de helte fan alle joadenJoaden wennet yn de [[steat]] [[Israel]], lang net allegearre prate [[Hebrieusk]], [[Jiddysk]] of [[Sefardysk]] en troch de [[Diaspora]] hearre se ta alle minsklike [[ras (minskheid)|rassen]].
 
Der binne útsûnderings. [[Ierlân (eilân)|Ieren]] hawwe oer it generaal de [[Ingelsk]]e taal oernommen, dochs sil gjin inkele Ier himsels [[Feriene Keninkryk|Ingelsman]] fiele. Flamingen en [[Nederlanners]] sprekke deselde taal ([[Nederlânsk]]), mar binne twa ferskillende folken. Boppedat is it begryp taal ek dizenich. Yn Nederlân wurdt it [[Limburchsk]] as [[streektaal]] beskôge. Net iderien is it der oer iens dat sprekkers derfan dêrtroch as apart folk sjoen wurde kinne.