Eifel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Wikix (oerlis | bydragen)
il
Rigel 1:
[[Ofbyld:Location Eiffel.PNG|thumb|De Eifel]]
De '''Eifel''' is middelheech berchgebiet. De Eifel leit foar it grutste part yn [[Dútslân]], yn it súdwesten fan [[Noardryn-Westfalen]] en it noardwesten fan [[Rynlân-Palts]]. It Dútsktalige diel fan [[Belgje]] heart ek by de Eifel. Yn it westen rint de Eifel oer yn de [[Ardennen]]. Yn it súd-easten grinzet de Eifel oan de [[Mosel]], yn it easten oan de [[Ryn]], en yn it noarden oan de stêd [[Aken]]. It heechste punt is de [[Hohe Acht]] (747 meter). Yn it [[Tertiêr]] wie de Eifel in [[Fulkaan|fulkanysk]] gebiet. De kraters binne hjoed de dei noch yn it gebiet te sjen. De lêste útbarsting wie sa likernôch 10.000 jier lyn.
 
Yn 2004 waard it Nasjonaal Park Eifel oprjochte. It natoerpark yn it noarden fan de Eifel beslacht 110 km².