Kleaster Foswert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L kookes, stavering
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 12:
It kleaster soe neffens in 16e ieuske kronyk lykwols op [[It Amelân]] boud wêze en yn it jier [[866]] en yn [[1066]] nei de fêste wâl ferpleatst wêze. It soe dan yn [[1580]] ôfbrutsen wêze. Neffens deselde kronyk stie op it Amelanner plak oarspronklik in Foste-timpel. Der binne op It Amelân lykwols gjin oerbliuwsels ûntdutsen fan in kleaster of timpel. De kronyk soe dêrom wol ris in skiedferfalsking wêze kinne. Dochs binne der in pear nijsgjirrige yndirekte oanwizings dy't der op wize kinne dat de kronyk in kearn fan wierheid hat. Yn it plakje Nes op It Amelân lizze fûneminten fan in tsjerke. De tsjerke fan Nes en it kleaster by Ferwert hienen beide Johannes de Doper as patroan, en it kleaster Foswert hie lân op It Amelân. By ûndersyk fan de fûneminten fan de Nesser tsjerke bliek dat dizze foar 1100 boud is, en dus op in âlder hillichdom delsetten wêze kin. Boppedat leit yn de buert fan dizze fûneminten de saneamde [[Willibrordsdobbe]], in boarne dy't yn de oerleveringen ferbûn wie mei [[Redbad]] en tinken docht oan dy op [[Helgolân]].
 
[[Kategory:SkiednisFerwert]]
[[Kategory:KleastersKleaster]]