Tsjinstesektor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ik ha der Jeropa fan makke
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 3:
Yn de histoaryske ûntwikkeling fan ekonomyen komt de tsjinstesektor trochgeans as lêste ta bloei, neidat de ekonomy earst troch in faze fan [[agrarysk]]e dominânsje gien is en dêrnei troch in perioade fan [[yndustialisaasje]]. De tsjinstesektor ferfangt de foargeande twa sektoaren net, mar wurdt al it wichtichst yn it ferskaffen fan wurkgelegenheid en ynkommen.
 
Untwikkele lannen lykas [[Nederlân]] hawwe yn ferhâlding in grutte tsjinstesektor. Lytsere lannen as [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]] binne sels hast hielendal oanwiisd op de tsjinstesektor, benammen at hja net folle natuerlike helpboarnen hawwe. Minder-ûntwikkele lannen, lykas Ivoarkust, hawwe meastentiids in iensidiger ekonomy dy't hast hielendal driuwt op de lânbou.
 
Ta de tsjinstesektor wurde ûnder oare winkels, horeka, teaters, kappers, saaklike tsjinstferlieners, abbekaten, ICT-bedriuwen en oare tsjinstferlieners rekkene. Yn ûntwikkele ekonomyen lykas yn West-Jeropa en de Feriene Steaten wurdt tusken de 70 en 80 persint fan it [[bruto binnenlânske produkt]] yn de tsjinstensektor realisearre.