Fierljeppen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Rekord: update
Rigel 10:
 
== Rekord ==
Jierrenlang hat it rekord fan it fierljeppen by de mânlju senioaren op 19,40 meter ston, yn [[1991]] sprongen troch [[Aart de With]] út [[Benskop]]. Sûnt de ynfier fan de karbonpols yn [[2006]] is dit rekord oanskerpe. Op [[2 july]] 2006 wie [[Bart Helmholt]] de earste dy't der oer hinne sprong; hy sprong doe nei de 19,48 meter. Ek op it stuit hat Bart Hemlholt it rekord yn hannen. Op [[24 augustus]] 2009 wist er nei 21,01 meter te springen. Ek oare ljeppers hawwe ûnderwilens foarby it âlde rekord sprongen. In jier letter sprong Helmholt yn Burgum in nij rekord: 21.26 meter
 
It rekord by de froulju is sûnt 2005 in hannen fan Sjoukje Tjalma. Sy sprong yn dat jier op it Frysk Kampioenskip yn Winsum 15,55 meter.