Haulerwyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
update
Rigel 11:
}}
'''Haulerwyk''' is in doarp yn 'e gemeente [[Eaststellingwerf]] oan de noardkant fan de [[Tsjonger]]. It grinzet oan 'e provinsje Drinte en leit ticht by it punt dêr't de trije provinsjes ([[Grinslân]], [[Fryslân]] en [[Drinte]]) byelkoar komme. Dêrtroch hat it doarp in sintrale lizzing yn it noarden fan it lân. De Brede School sil in wichtich plak ynnimmen gean. Basisskoallen It Twaspan, De Skalmei, pjutteboartersplak 't Kwetternêst, de Iepenbiere bibleteek, Speel-o-theek De Flierefluit, Pleatslik Belang mei in tsiener-/jongereinromte, de thússoarch mei in konsultaasjeburo sitte yn ien gebou. Der wurdt oer it generaal Frysk praten yn Haulerwyk.
Sûnt ein 2007 sitte kristlike skoalle De Paadwizer mei de iepenbiere Daltonskoalle 'Meester van Hasselt' en pjutteboartersplak 'de Boefkes' ûnder ien dak: "De Boekebeam".
 
Yn 2006 hat it doarp syn 250-jierrich bestean fierd. It ynwennertal is 3.260 (1 jannewaris 2009). Der is in aktyf ferieningslibben mei in ferskaat oan aktiviteiten.
 
Der wurdt oer it generaal Frysk praten yn Haulerwyk.
==Skiednis==
 
== Skiednis ==
It doarp is ûntstien yn it jier [[1756]]. It doarp it bestean oan it ûntginnen fan it fean, dat yn dit gebiet op grutte skaal plak fûn hat. De oanlis fan de [[Haulerwykster Feart]] hat yn 'e earste jierren foar de tagonklikens fan it gebiet soarge. Troch de ferbining fan dizze Feart mei [[Drachten]] en [[Assen]] koe eartiids it stutsen turf mei yn snikke (boat) ferfierd en ferkocht wurde. De Haulerwykster Feart is tsjintwurdich noch te sjen yn de wenkrite fan it doarp. De lintbebouwing lâns de feart is dan ek byldbepalend yn it lânskip. Dizze âlde feankoloanje bestie earder út Boppe-Haulerwyk en Beneden-Haulerwyk.
Letter yn 'e tiid hat it ferfier oer de wei en de opkomst fan de lânbou it lânskip fierder foarme. De ûntgûne grûn waard brûkt foar molkfee en lânbou (hjoeddeis foaral mais en jirpels). De (hannels)rûte nei [[Grins]] hat derfoar soarge dat der in kearn yn it doarp ûntstien is. Yn it sintrum fan it doarp hat eartiids in brêge west dy't wichtich wie foar it trochgeande ferkear. Earst wie dat in klapbrêge, letter is dy ferfongen troch in fêste brêge, dy't op syn beurt wer troch in lange dûker ferfongen is, dêr't letter yn rotonde op oanlein is.
 
== De wenkrite ==
Haulerwyk leit yn de Fryske Wâlden tsjin de Drintske grins oan. It lânskip is dan ek boskryk mei dobben en skiere útsichten. By it doarp leit de Blauwe Bosk. Dit bosk is ûngefear 300 ha grut en bestiet út heide, dobben en nuddelbeammen en leafbeammen. Binnen in straal fan 10 km is der mear natuergebiet te finen, tink derby oan De Bakkefeanster Dunen, it Liekster Mar, de Zuurse Dunen, Mensinge-Havesathe, it Noarger Esdoarpen Lânskip, It Fochtelerfean, It Drints-Frykse Wâld en de [[Duerswâlder Heide]] mei de Âlde Bosk fan de Slotpleats yn [[Bakkefean]].
 
== Mienskip ==
De feriening foar Pleatslik Belang hjit De Foarútgong en it doarpshûs De Enter. De Streekkrante is te finen op ynternet. By it doarp leit sportsintrum De Hichte en binnensporten wurde dien yn De Bongerd. Om de fiif jier is der in doarpsfeest, der is ek in Stifting Evenemintenterrein Haulerwyk. De Haulewelle is it iepenloftswimbad. De filmwurkgroep Haulerwyk hat in filmsearje fan 4 dielen makke: HAULERWIJK IN OUDE BEELDEN. Dêrneist is yn 2006 ek noch in CD makke mai as titel “Alles draait om dokter Beumer”.
 
=== Ferienings ===
*[[VV Haulerwyk]], [[Fuotbalferiening Haulerwykse Boys]] en Haulerwykster Jeugd kombinaasje - fuotbal
*Folleybalferiening Haulerwyk
Line 51 ⟶ 54:
* [[2009]] - 3.260<ref>Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010</ref>
 
== Strjitten ==
De [[Strjitten yn Haulerwyk]]
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]]
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.haulerwijk-online.nl Digitale doarpskrante]
* [http://www.haulerwijk.com webstee oer Haulerwyk]