Reduzum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
cache-rm08.proxy.aol.com (oerlis)
No edit summary
 
p0999.nas6-asd3.dial.wanadoo.nl (oerlis)
Ferfangen troch in sels-skreaune begjin.
Rigel 1:
'''Reduzum''', of ek 'Roardahuzum', is in doarp oan it ein fan it [[Swin]], yn [[Boarnsterhim]]. Alhoewol it no net mear sa dúdlik is, is it fan oarsprong in [[terp]], en al út de tiid dat de [[Middelsee]] yn dit part fan [[Fryslân]] hearske.
<b>De Skiednis fan Reduzum</b>
 
De betiidste skiednis
De âldste papieren melding fan Reduzum – skreaun as Rorthahusum – datearret fan 1389. Mar út boaiumfûnsen blykt dat it doarp folle âlder is.
Op it plak dêr’t no de tsjerke stiet, lei oait in terp. De earste bewenners fan dizze sels groeven ferheging wienen hjir feilich foar it wetter fan de Middelsee. Dizze see hie, oan it begjin fan ús jiertelling, grutte parten fan Fryslân ûnder wetter set.
 
Yn letter tiden wie Reduzum, lizzend oan de wei nei [[Oerisel]], fermaerd fanwege de herberch "De Trije Romers", Dit was in moai sintraal plak foar gearkomsten fan de boerelju, en dat is grif w&ecirc;rom hjir , yn wat yn dy tiid it hotel "De Grutte Trije Romers" wie, yn [[1879]] it [Fries Rundvee Stamboek] en it [Fries Paarden Stamboek] oprjochte binne.
Wêr’t de namme Reduzum (ned: Roordahuizum) oan ûntliend is, dêr binne de mieningen oer ferdield. Guon historisy mienden dat de namme ôflaat is fan Raarderahuzum, de Rauwerder huzen. Oaren wize op de famyljenamme Roorda, in namme dy’t om 1400 hinne ek wol skreaun waard as Rortha of Rowertha.
 
 
Het hotel is der net mear, mar in oar ferneamd plak in Reduzum is der noch: Krekt b&ucirc;ten it doarp stjiet oan wat ea de wei nei Oerisel [De Blauwe Tent]. En krekt d&ecirc;r tsjinoer stiet de [Doarpsmûne Reduzum].
 
Aldste gebou fan Reduzum
It âldste gebou fan Reduzum is de Herfoarme tsjerke út de 13e ieu. Yn 1586 waard it doarp troch de oanstelling fan predikant Andreas Harca in selstannige herfoarme gemeente.
 
Fan de Roomske tiid binne allinne de muorren en miskien noch guon grafstiennen oerbleaun.
De tsjerke en de folle nijere toer (1878) binne yn 1983 restaureard. De tsjerke befetet stucwurk út de foarige ieu, mar benammen in hiel bekend oargel, yn 1784 boud troch Albertus van Gruisen. Dit oargel wie it pronkstik fan Van Gruisen. Het wie syn earste oargel yn in herfoarme tsjerke yn Fryslân.
 
 
 
In drok 19e ieus ferkearspunt
De measte bekendheid krige Reduzum nei’t yn 1828 de dyk fan Ljouwert nei It Hearrenfean plaveid waard en De Grutte Trije Romers, in ferneamd pleisterplak waard. Troch sintrale lizzing en de sterke belutsenheid fan it doarp mei de boerestân waard yn dit hotel yn 1879 it Fries Rundvee Stamboek en it Fries Paarden Stamboek oprjochte.
 
Yn 1890 stichtten inkelde feehâlder en lâneigners de koöperative suvelfabryk "de Eendracht". Goed 70 jier letter waard de fabryk sletten en tsjinne lang as opslachplak foar tsiis. Fan 1972 oant 1999 waard de âlde fabryk brûkt troch it ynternasjonaal transportbedriuw Van der Werff.
 
De Blauwe Tinte
Bekend wie it doarp ek fan de sosjaal oandiene dûmny Benjamin Boers. Hy stie yn 1906 yn Reduzum as predikant en hertstochtlik strider foar de ferheffing fan de arbeidersklasse en foar de gehielûnthâlding. Troch de gehielûnthâlders yn dit earder reade doarp waard mei op syn foarspraak de Blauwe Tinte stichten, in sjauffeurskafee oan de Oeriselse strjitwei.
 
/Overleg