Burgumer Mar (sylboat): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1:
De '''Burgumer Mar''', ornaris ôfkoarte ta '''BM''' (ek wol ''BM-er'' neamd) is in [[swurdsylboat]] mei in seiloerflak fan 11,8m².
 
== Mjitten ==
De Burgumer Mar hat in lingte oer alles fan 4,75m en in breedte fan 1,50m, en stekt mei [[midswurd]] 0,80m djip. De sylboat hat twa [[seil]]en: in [[grutseil]] fan 8,80m² en in [[fok]] fan 3m²; totaal 11,80m²
 
== Lattebou ==
Kapper [[Hendrik Bulthuis]] fan [[Burgum]] is de ûntwerper fan dit type sylskip. Yn [[1928]] boude hy it earste eksimplaar. Hy brûkte dêrfoar in sels-ûntwikkele boumetoade, wêrby't de hûd fan it skip opboud wurdt út smelle houten latten. Dizze [[lattebou]] makke it mooglik om frijwat komplekse rûne foarmen te meitsjen, wat de bou fan sylboaten in grutte ympuls joech.
 
== Weromrin ==
Fanwegen de lattebou binne der in protte BMs boud. Faaks om't boatebou net Bulthuis syn wurk wie, is de BM wat it silen oanbelanget lykwols gjin spesjale klasse. Der wurde ek al lang gjin wedstriden mear yn syld, en it plak fan de Burgumer Mar yn de silerij is foar it grutste part oernaam troch de [[Skeakel]], dy't hast deselde ôfmjittings hat, en de [[470 (sylboat)|470]], dy't wat djipper stekt, mar dy't op de [[Olympyske Spullen]] syld wurdt.
 
== 16-kwadraat ==
Unrjochtlik wurdt it twadde ûntwerp fan Bulthuis, de [[16-kwadraat]], ek wol oantsjutten mei de namme "BM". Om it ûnderskie dan wer dúdlik te meitsjen wurde se dan wol de ''lytse BM-er'' (Burgumer Mar) en de ''grutte BM-er'' (16-kwadraat) neamd.
 
[[Kategory:Sylskip]]