Friedrich von Hayek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf's
No edit summary
Rigel 2:
'''Friedrich August''' (oant 1919 '''von''') '''Hayek''' ([[Wenen]], [[8 maaie]] [[1899]] – [[Freiburg im Breisgau]], [[23 maart]] [[1992]]) wie in [[Eastenryk]]sk ekonoom en polityk filosoof, foarfjochter fan it [[frije merk|frijemerk]] [[kapitalisme]], en Nobelpriiswinner yn 1974 mei ideologysk opponint [[Gunnar Myrdal]].
 
Neast de priis fan de Sweedske ryksbank foar ekonomy ta neitins oan Alfred Nobel yn 1974 (ek wol Nobelpriis foar Ekonomy neamd) krige F.A. Hayek yn 1991 de Amerikaanske ''[[Medal of Freedom]]'', útruiktútrikt troch destiidsk presidint George Bush.
 
Syn ekonomysk wurk spitst him op yn útiensettings oer hoe in merk troch priisfoarming ynformaasje oan har dielnimmers jout en hoe't planekonomyen dizze ynformaasjefersprieding behinderje. Alhoewol't Hayek rekkene wurdt ta de [[Eastenrykske Skoalle]], binne der neist wichtige punten ek ferskillen mei bygelyks syn learaar [[Ludwig von Mises]]. Yn syn filosofyske wurken rekke Hayek op ferskillende punten it werk fan syn freon [[Karl Popper]].