La Tène-tiidrek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 15 aug 2010 om 16.08

It La Tène-tiidrek (5e-1e ieu f.Kr.) is in tiidrek yn de izertiid. De metaalbewurkingstechniken út it La Tène-tiidrek hawwe har ûntjûn út de Hallstatt-kultuer en kin dêrom as direkt opfolger fan de Hallstatt-kultuer sjoen wurde. De fynsten litte ek mediterraanske ynfloeden sjen.

Oersjoch fan de Hallstatt en La Tène kultueren. It Hallstatt kearngebiet (800 f.Kr.) is oanjûn mei giel, it ynfloedsgebiet om 500 f.Kr. is oanjûn mei ljochtgiel. It La Tène kearngebiet (450 f.Kr.) is oanjûn mei grien, it mooglike ynfloedsgebiet fan La Tène om 50 f.Kr. is oanjûn mei ljochtgrien. De gruttere Keltyske mienskippen binne mei namme neamd.

It tiidrek is neamd nei it argeologyske fynplak fan La Tène, oan de noardkant fan de Mar fan Neuschâtel yn Switserlân, dêr't in grutte fynst dien waard troch Hansli Kopp yn 1857.

It La Tène-tiidrek dat mei it tiidrek fan de Kelten yn ferbân brocht wurdt begjint om 450 f.Kr. en duorret oant de Romeinske tiid yn de 1e ieu f.Kr.