Brabânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl en Streektaal, (mei tastimming fan mathieu van woerden oernomd)
 
L red. ferw.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Brabants.PNG|right|thumb|300px|''It Brabânsk yn kaart brocht'']]
Under '''Brabânsk''' ferstiet men de measte as farianten fan it [[NederlânkNederlânsk]] beskôge [[dialekt]]en dy't sprutsen wurde yn de provinsje [[Noard-BrabantBrabân]] en de Flaamse provinsjes [[Antwerpen (provinsje)|Antwerpen]] en [[Flaamsk-Brabân]]. Fierders falle, rom definearre, ek it [[Súd-Geldersk]] en de dialekten fan noardlik [[Nederlânsk-Limburch]] en it lân fan [[Hulst]] en westlij [[Belgysk-Limburch]] ûnder it Brabânsk. Yn it noardwesten fan Noard-Brabân ([[Willemstad (Noard-Brabân)|Willemstad]]) sprekt men in Hollânsk dialekt, wylst de dialekten fan de doarpen [[Budel]], [[Maarheeze]] en [[Soerendonk]] yn essinsje farianten binne fan it [[Limburchsk]].
 
It Brabânsk is mei it Hollânsk de grutste groep Nederlânske haaddialekten. De earste wichtige foarming fan it [[Standertnederlânsk]] barde yn de [[16e ieu]] yn [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]]. De standerttaal dy't doe foarme waard ûndergie benammen in soad Brabânske ynfloeden.
 
== Skiednis ==
De Brabânske dialekten binne gjin minderheidstaal, mar Nederlânske dialekten, omdat it Brabânsk in grutte bydrage levere hat oan it ta stân kommen fan it Standertnederlânsk. Yn de 14e en [[15e ieu]] binne Brussel, Mechelen en Antwerpen mei GentGint en Brugge de stêden fan kwizekwânsje binne yn it Nederlânske taalgebiet, mar as yn de 16e ieu de wurding fan de standerttaal yn in streamfersnelling komt, wurdt it swiertepunt fan de Nederlannen wylst nei it noarden ferlein. Nei de fal fan Antwerpen (1585) yn de Tachtichjierrige Oarloch tusken Spanje en de Nederlannen flechten der lykwols sa’n. 150.000 Flamingen en Brabanders nei it noarden. Dêrtroch bliuwt ek nei de 15e ieu de ynfloed fan dialekten as it Antwerpsk op it Standertnederlânsk grut. Amsterdammer Joost van den Vondel wie in bern fan Antwerpske flechtlingen. Merk wol op dat it hjir giet om it Brabânsk út de stêden fan de provinsjes Flaamsk-Brabân en Antwerpen. It westen fan de provinsje Noard-Brabân rekke op it lêst fan de sechtjinde ieu sawat hielendal ûntfolke troch de oarloch. Letter waard it fannijs bewenne troch minsken út it suden, wat no de provinsje Antwerpen is. De dialekten fan it easten fan de provinsje Noard-Brabân hawwe lykwols net bydroegen oan it Standertnederlânsk. Net alle Brabânske dialekten, dat mar in pear Súd-Brabânske stedsdialekten hawwe dus in grutte bydrage levere oan it ta stân kommen fan it Standertnederlânsk.
 
== Gebiet ==
Rigel 18:
 
== Status ==
Brabânske dialekten wurde net as [[minderheidstaal]] erkend. Om dy reden is der ek gjin sprake fan standerdisearring fan it Brabânsk, oandacht foar dizze dialekten yn it ûnderwiis of brûken fan it Brabânsk yn formele sitewaasjes.
Yn 1999 is der in referinsjestavering ûntwikkele foar alle Brabânske dialekten, gearstald troch fertsjintwurdigers út Noard-Brabân, Antwerpen en Flaamsk-Brabân.
 
== Kultuer ==
Yn inkele gebieten is der in deeglike tradysje fan kabaret en muzyk yn it dialekt te konstatearjen; benammen yn de Meierij fan 's-Hertogenbosch, de stêden Antwerpen, Mechelen en Leuven en it Pajottenlân (Brussel en oanbuorjend westen) binne in soad foarfjochters fan it dialekt brûken fan dit dialekt. Yn oare strekenkriten, lykas it easten fan de provinsje Antwerpen, it lân fan Heusden en Altena en noardwestlik Noard-Brabân, is dy tradysje der hast net.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=