Ferskil tusken ferzjes fan "Willibrord"

21 bytes grutter ,  10 jier lyn
L
Bot - oars: pl:Wilibrord apostoł Fryzów; tekstwiziging
L (Bot - derby: es:Willibrord de Utrecht)
L (Bot - oars: pl:Wilibrord apostoł Fryzów; tekstwiziging)
[[ImageOfbyld:Willibrord.jpg|thumb|De hillige Willibrord]]
'''Willibrord''', ek '''Willibrordus''' (658 - 7 novimber 739), wie in biskop, dy't bekend stie as de "Apostel fan de Friezen."
 
== Libben ==
Willibrord waard berne yn [[Northumbria]] ([[Ingelân]]) as soan fan tige [[kristendom|kristlike]] âlden, dy't noch net sa lang lyn ta it kristlike leauwen bekeard wienen. As sânjierrige jonge fertrouwde syn heit, Wilgis, him ta oan it [[kleaster]] fan Ripon (flakby [[York]]) as [[oblaat]]. De heit fan Willibrord sels waard [[hearremyt]].
 
Yn Ripon groeide Willibrord op ûnder ynfloed fan [[Sint-Wilfridus]] (Egbert), de biskop fan [[York]]. Dizze biskop wie, oars as de doe yn [[Grut-Brittanje]] hearskende [[Katolyk-Keltyske tradysje]], in foarstanner fan de Roomske line.
 
Doe't Willibrord 20 jier âld wie, gong er fuort nei it "Eilân fan de Hilligen", ([[Ierlân]]). Dêr moast er him ûnderwerpe oan tige stringe tucht yn it kleaster fan Rathmelsigy. Hy waard yn [[688]] as [[preester]] wijd. Fûl mei de geast fan "[[peregrinatio]]", en mei de winsk om de heidenkse folken fan dy tiid te bekearen, stiek hy yn [[690]] mei alve maten oer nei it Jeropese festelân. Hy kaam oan lân by [[Katwyk]] en ferkundigde dêr it evangeelje oan de [[heidendom|heidenske]] [[Friezen]].
 
Yn 690 reizge er mei tolve oaren, werûnder [[Werenfried fan Elst]], nei de Fryske kening [[Redbad]] om syn foarbyld Jesus Kristus te folgjen dy't ek omreizge om de blide boadskip te ferkundigjen. Hy besocht it heidenske [[Fryske ryk]] dat fan de [[Weser]] (Noard-[[Dútslân]] oant de [[Swin]] yn [[Belgje]] rûn. It [[Fryske heidendom]] waard krekt as by oare [[Germanen|Germaanske]] folken sterk bepaald troch natuerferearing, mei hillige beammen en stiennen en wetter as libbensboarne. Yn de ûnstiene [[leginde]]n oer de apostel spilen de wetterboarne en putten in wichtige rol, omdat Willibrord tsjinoer de natueurferearing fan de Friezen Kristus sette as ienige en ivige boarne.
Yn tsjinstelling ta de [[missionaris|missymetoade]] fan de [[Ierlân|Iersk]]-[[Skotlân|Skotse]] muontsen, dy't by de evangelysaasje gjin systeem brûkten, organisearre Willibrord syn missy tige pragmatysk en goed trochtocht. Sa socht hy earst de beskerming by [[Pippyn II]], dy't de Fryske kening Redbad oer de [[Ryn]] ferdreaun hie, en fersekere er himsels fan de pauslike goedkarring doe't er nei twa swiere reizen yn [[695]] yn [[Rome]] oankaam. Hy waard troch [[Paus Sergius I]] as [[aartsbiskop]] fan de Friezen wijd, wêrby [[Utert (stêd)|Utert]] him tawiisd waard as syn haadsit.
De metoade dy't Willibrord brûkt hat om it evangeelje by de Friezen te bringen wie feitlik fernederjend foar harren. Hy socht politike en militêre stipe by de grutste tsjinstanner fan it Fryske ryk ûnder kening Redbad, nammentlik by it doe al kristlike [[Frankyske ryk]]. Benammen hofmeier Pippyn wie Willibrord syn grutte beskermhear.
 
== Literatuer ==
* A.G. Weiler, ''Willibrords missie. Christendom en cultuur in de zevende en achtste eeuw'', Hilversum, 1989;
* K. van Gulik, e.o., ''Willibrord tussen Ierland en Rome. Een bundel historische en muzikaal-liturgische bijdragen'', Utrecht, 1995;
* A.H. de Jong, e.o, ''Woest en ledig? Nederland vòòr Willibrord'', Hilversum, 1995;
* Catalogus tentoonstelling Museum Het Catharijneconvent, ''Willibrord en het begin van Nederland'', Utrecht, 1995.
 
 
[[Kategory:Hillige]]
[[nl:Willibrord]]
[[no:Willibrord av Utrecht]]
[[pl:WillibrordWilibrord apostoł Fryzów]]
[[ru:Виллиброрд]]
[[sv:Willibrord]]
45.640

bewurkings