Stedsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Woadan (oerlis | bydragen)
Woadan (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
taalkoade ISO 639-1 = n.f.t. |
taalkoade ISO 639-2 = n.f.t. |
taalkoade ISO 639-3/DIS = n.f.t. |
}}
It '''Stedsk''', ek wol ''Stedfrysk'' of - ferkeard stavere - ''Stedsfrysk'', is de bekoepeljende beneaming foar de [[Hollânsk]]-[[Frysk]]e mingdialekten dy't sprutsen wurde yn de sân stêden [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Snits]], [[Frjentsjer]], [[Harns]], [[Boalsert]], [[Dokkum]] en [[Starum]] en de twa flekken [[It Hearrenfean]] en [[Kollum]] yn 'e provinsje [[Fryslân]]. De Stedske dialekten steane tichter by it [[Nederlânsk]] as by it [[Frysk]] en de namme "Stedfrysk" is dan ek misliedend, om't it giet om [[Hollânsk]]e en net om Fryske dialekten.
 
De Stedske dialekten wurde hjoed de dei yn Fryslân sprutsen troch nei skatting sa'n 40.000 minsken. Omrekkene is dat sa'n 6,3% fan 'e ynwenners fan 'e provinsje. Mei noch likernôch 5.000 Stedsktaligen om utens komt it totaal oantal sprekkers op likernôch 45.000. Fierwei it grutste Stedske dialekt is it [[Ljouwertersk]], mei sa'n 20.000 sprekkers.