Pieter Stuyvesant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 6:
Oer Stuyvesant syn jonge jierren is net in protte wis. Der wurdt wol sein dat er yn [[1592]] of [[1602]] berne is, mar oer it algemien wurdt oannaam dat hy sa rûn [[1612]] berne is yn Pepergea. De heit fan Stuyvesant, Balthazar Johannes Stuyvesant, wie dominy yn [[Skerpenseel]] dêr't hy dan ek opgroeid is. Stuyvesant syn mem wie Margaretha Hardenstein.
 
Om [[1635]] hinne waard Stuyvesant direkteur by de [[West-Yndyske Kompanjy]] en fierde hy it befel oer de [[ABC-eilannen]]. Yn [[1644]] ferlear hy in skonke yn in gefjocht my de [[Spanje]]rts op [[Sint-Marten]], wêrnei't hy itsyn grutste part fan synfierder libben mei in houten poat troch it libben moast.
 
Yn maaie [[1645]] waard hy selektearre by de West-Yndyske Kompanjy om [[Willem Kieft]] te ferfangen as direkteur-generaal fan Nij-Nederlân. Op [[11 maaie]] [[1647]] kaam hy yn Nij-Amsterdam oan wêrnei't er yn septimber [[1647]] direkteur-generaal fan de Nederlânske koloanje waard.