Belisarius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: hu:Flavius Belisarius; tekstwiziging
Rigel 1:
[[ImageOfbyld:Justinian mosaik ravenna.jpg|right|thumb|250px|keizer Justinianus mei Belisarius op in mozayk (Ravenna)]]
'''Flavius Belisarius''' of ek '''Belisarios''' ([[Gryksk]]: Βελισάριος) ([[505]]-[[565]]) wie nei alle gedachten de grutste generaal fan it [[East-Romeinske Ryk]] of [[Byzantynske Ryk]]. Yn namme fan keizer [[Justinianus I]] oermastere hy in grut part werom fan it ferlern gongen [[West-Romeinske Ryk]].
 
== Iere jierren ==
Belisarius wie fermoedlik fan mingde [[Slaven (folk)|Slavysk]]-[[Grikelân|Grykske]] komôf. Hy makke opgong yn it leger en tsjinne as generaal oan de eastgrins dêr't hieltyd skermutselingen wienen mei de [[Sassaniden]]. Dêr besoarge hy de opkringende Perzen in oantal swiere nederlagen sadat de keizer in 'ivige frede' mei harren sluet. Ut tankberens beneamde hy Belisarius ta haad fan syn liifwacht. Troch dizze frede koe de keizer al syn oandacht rjochtsje op Westen fan it eartiids Romeinske ryk dêr't de Germanen harren keninkriken stifte hiene. Mar eardat it safier wie rekke de keizer sawat de troan kwyt troch de [[Nika oproer]]. Allinnich troch diedkrêftich optreden fan syn frou [[Theodora]] bleau de troan behâlden. Mei help fan Belisarius koe de opstân delslein wurde, dêr't ûnder de reboeljemakkers mear as 30.000 deaden by falle soenen.
 
== Weroermastering fan it Westen ==
Neidat yn [[Konstantinopel]] de rêst werom komd wie, waard Belisarius nei [[Afrika (Romeinske ryk)|Noard-Afrika ]] stjoerd om in ein te meitsjen oan it [[Fandaalske ryk]]. Yn in fjildtocht dy't krekt mear as in jier duorre waarden de Fandalen yn twa fjildslaggen ferslein, alhoewol't it noch in skoft duorje soe eardat al harren gebieten de Romeinen op 'e nij as hearskers erkenden.
 
Dêrnei moast Belisarius de [[Ostrogoaten]] fan Itaalje ûnder hannen nimme. Dat wie in hiel wat dregere opdracht en it soe sawat tweintich jier duorje oant de Goaten de striid opjoegen. Dat resultaat waard berikt troch "kollega" generaal [[Narses (generaal)|Narses]]. Belisarius sels wie op in sydspoar terjochte kaam. Nei alle gedachten wie de keizer bang wurden foar de tige populêre generaal dat dizze him nochris fan de troan stompe soe. Belisarius waard werom roppen nei [[Konstantinopel]] en Narses krige it befel oer de kampanje yn Itaalje. Omdat dizze wol genôch troepen meikrige, koe er de Goaten sa fier krije dat sy harren oerjoegen.
Rigel 35:
[[he:בליזריוס]]
[[hr:Belizar]]
[[hu:Flavius Belisarius]]
[[it:Belisario]]
[[ja:ベリサリウス]]