Roald Amundsen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: pnb:روآل آمونسن; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:RoaldAmundsen.JPG|thumb|Roald Amundsen]]
[[ImageOfbyld:TerraNova2.png|thumb|''Kaart mei de rûtes nei de poal fan'' Scott & Amundsen, ''mei plak en datum fan Scott's dea'']]
'''Roald Amundsen''', ''Roald Engelbregt Gravning Amundsen''
(* [[16 july]] [[1872]], [[Hvidsten]]
Rigel 6:
wie in [[Noarwegen|Noarsk]] [[ûntdekkingsreizger]] yn de poalstreken. Hy wie de ûntdekker fan de [[Noardwestlike trochfeart]], de earste minsk yn de skiednis dy't de [[Súdpoal]] berikte, en ien fan de minsken dy't as earsten de [[Noardpoal]] berikten.
 
== Jonge jierren ==
Amundsen wie de jongste fan fjouwer bern, alle fjouwer jonges, fan Jens Amundsen en Hanna Henrikke Gustava Sahlquist, berne ta in famylje fan begoedige skipfarders. Nei't er de boeken fan de noardpoalreizger [[John Franklin]] lêzen hie, besleat Roald dat hy ek poalreizger wurde woe. Hy waard dêr noch wisser fan doe't er derby wie doe't [[Fridtjof Nansen]] yn [[1888]] weromkaam fan de oerstek oer [[Grienlân]].
 
Amundsen begûn yn [[1890]] mei in stúdzje medisinen yn [[Kristiania]], mar nei't Nansen yn [[1892]] besocht hie mei de ''[[Fram]]'' de Noardpoal te berikken, hâlde Amundsen op mei de stúdzje en waard er definityf poalreizger.
 
== Earste ekspedysjes ==
Yn [[1896]] trof Amundsen [[Adrien de Gerlache]], doe't dy dwaande wie in skip te keapjen dêr't er mei nei [[Antarktika]] woe, en sa waard Amundsen part fan de Belgyske Antarktyske Ekspedysje (1897-1899). It skip, de ''Belgica'', waard yn [[1898]] it earste skip dat op [[Antarktika]] oerwintere. Ek oan board op dy tocht wie de [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] dokter [[Frederick Cook]].
 
Yn [[1902]] helle Amundsen syn brevet as grutskipper, en al yn [[1903]] late Amundsen syn earste ekspedysje, om te dwaan wat John Franklin net slagge wie: de [[Noardwestlike trochfeart]] fine. Twa winters bleaunen se op [[Kening Willemeilân]], noardwestlik fan de Hudsonbaai, dêr't Amundsen ek it plak dat de [[magnetyske noardpoal]] doe hie fêststelde. Hy learde ek folle oer it libben yn de snie fan de pleatslike befolking, de [[Inuit]]. Ein [[1905]] kaam it skip yn de [[Stille Oseaan]] út, mar troch de winter duorret it oant de maitiid fan [[1906]] oant it skip út it iis kaam.
 
== De Súdpoal ==
Nei dit sukses woe Amundsen, besykje om by de Noardpoal te kommen, lykas Nansen besocht hie, dy't dêrfoar de Fram oan Amundsen útliende. Mar nei't Amundsen yn [[1909]] hearde dat Cook, en letter ek [[Robert Peary]] de poal al berikt hienen, feroare Amundsen syn plannen. Yn stee fan nei de Noardpoal gong er no nei de Súdpoal. En dat moast dan ek daalks dien wurde, want ek [[Robert Falcon Scott|Robert Scott]] wie ûnderweis. Op [[9 augustus]] [[1910]] sette de Fram ôf fan Kristiania, en yn [[1911]] waard der oerwintere yn de [[Walfiskbocht]]. It kamp dêr neamde Amundsen ''[[Framheim]]'' letterlik "It thús fan de Fram", mar nei analogy fan ''[[Nifelheim]]'', it lân fan iis út de [[Noardske mytology]].
 
Amundsen begûn syn tocht troch Antarktika nei de poal op [[20 oktober]] 1911, en mei [[Olav Bjaaland]], [[Helmer Hanssen]], [[Sverre Hassel]] en [[Oscar Wisting]] kaam er op [[14 desimber]] oan op de [[Súdpoal]]. Earst 35 dagen letter kaam ek Scott oan op de súdpoal. Op [[7 maart]] [[1912]] kaam de Fram oan yn [[Hobart]] op [[Tasmaanje]], en earst doe koe Amundsen de wrâld witte litte dat er op de Súdpoal west hie. Oer de tocht skreau Amundsen it boek ''"Sydpolen. Den norske sydpolsfærd med Fram 1910-1912"'' (De Súdpoal. De Noarske feart nei de Súdpoal mei de Fram 1910-1912).
 
== Letter libben ==
Yn [[1918]] besocht Amundsen mei in nij skip, de ''Maud'', en far troch de [[Noardeastlike trochfeart]]. Dit slagge him net, en it soe noch oant [[1879]] duorje eart de [[Sweden|Sweed]] [[Adolf Erik Nordenskjöld]] as earste troch de Noardeastlike trochfeart kaam.
 
Mei de opkomst fan de [[loftfeart]] gong ek Amundsen oer op loftfartugen. Yn [[1925]] fleach er mei [[Lincoln Ellsworth]] en fjouwer oaren mei twa fleantugen nei 87° 44' noarderbreedte, noardliker as ea in fleantúch west hie. Yn [[1926]] wie [[Richard Byrd]], neffens eigen sizzen, op [[9 maaie]] as earste mei in fleantúch oer de poal flein. Trije dagen letter fljocht Amundsen, mei ûnder oaren Lincoln Ellsworth, de piloat [[Hjalmar Riiser-Larsen]] en de [[Itaalje|Italjaanske]] loftfeartyngenieur [[Umberto Nobile]] as earste mei in [[loftskip]] oer de Noardpoal. Se ferlieten op [[11 maaie]] 1926 yn it loftskip ''Norge'', bout troch Nobile, [[Spitsbergen]] en kamen op [[13 maaie]] oan yn [[Alaska]].
 
== Dea ==
Yn maaie [[1928]] makke Umberto Nobile op 'e nij in tocht nei de Noardpoal, yn syn nije loftskip ''Italia''. Op [[21 maaie]], op de weromreis, ferûngelokke it loftskip noardeastlik fan Spitsbergen. De beide mannen koenen net goed mear mei elkoar, mar dochs gong Amundsen daalks, tegearre mei fiif oaren, mei it Frânske fleantúch de ''Latham'' op 'e siik nei Nobile. Trije oeren letter waard it kontakt mei de Latham ferlern. Nobile waard op [[22 juny]] rêden yn in oare rêdingsaksje, mar Amundsen en de oare fiif wienen foar altiid ferdwûn.
 
== De Noardpoal ==
Yn de rin fan de [[20e ieu]] hat der in protte twifel west oer de jildigens fan de bewearings fan Cook en Perry. Ek waard der tocht dat Byrd faaks net wier besocht hie nei de poal te fleanen, mar gewoan in rûntsje flein hie. Troch deiboekstúdzje is dúdlik wurden dat net oannaam wurde kin dat Cook of Perry de poal berikke hat. Byrd hat wier besocht de poal te berikken, mar hat mei motorproblemen omkeare moaten. Dit betsjut dat it loftskip de Norge de earste ekspedysje wie dy't ea de Noardpoal berikte. Dêrmei hat Amûndsen sûnder it te witten ien fan de minsken west dy't de earsten wienen dy't de Noardpoal berikt hawwe.
 
== Keppeling om utens ==
* {{nl}} [http://www.historiek.net/index.php?option=com_content&task=view&id=246&Itemid=138&limit=1&limitstart=1 Persoanlik ferslach fan Roald Amundsen oer syn tocht nei de súdpoal]
* {{en}} [http://www.roaldamundsen.no/#english De Roald Amundsen stifting (mei fierdere keppelings)]
* {{nl}} [http://www.oslo.nl/main.php?id=1:81 Fram museum yn Oslo]
 
 
[[Kategory:Noarsk persoan]]
Line 112 ⟶ 111:
[[pam:Roald Amundsen]]
[[pl:Roald Amundsen]]
[[pnb:روآل آمونسن]]
[[pt:Roald Amundsen]]
[[qu:Roald Amundsen]]