Israël Kiek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L red.
Rigel 1:
'''Israël David Kiek''' ([[Grins (stêd)|Grins]], [[22 april]] [[1811]] - [[Leien]], [[14 maaie]] [[1899]]) wie in [[Nederlân]]s [[foto]]pionier. Syn efternamme is yn Nederlân synonym wurden foar in fotfoto sûnder pretisjespretinsjes: it ''kiekje''.
 
==Libbensrin==
Kiek wie it fyfde bern fan de [[Joaden|joadske]] horloazjemakker David Kiek en Lea Pinto. Yn Grins hied er kistemakker, skrynwurker, slachter, lotterij-kollektant en keapman west.
Earst op letter jierren waard fotograaf Kiek syn haadberop. Dat wie yn [[Leien]], dêr't Kiek en syn frou Hendrica de Leeuw (1812-1892) hinne gien wienen doe't Kiek 44 jier wie. Yn Leien begûn Kiek yn [[1855]] in [[sigaar|sigare]]winkel, inkelde jierren dêrnei begûn er ek te fotgrafearjenfotografearjen. Yn 1858 wurdt syn bedriuw neamd yn it ''Adresboekje van Leiden'': 'J.D. Kiek & Zoons, portraiteurs'. In jier letter komt syn âlste soan ek yn de saak. It berop fan fotograaf waard yn joadse famyljes faak keazen, krekt as bygelyks slachter en keapman, omdat dy harren frij festigje koenen. Fan de njoggen bern fan Kiek waarden der fiif fotograaf. Israël Kiek hat oant 1892 warber west as fotograaf; dêrnei naam syn soan Lion de saak oer.
 
Kiek makke meast portretfoto's, foaral foar visitekaartsjes, mar is bekend wurden troch syn groepsfoto's fan studinten. Dat wie net út reden fan syn artistike kwaliteiten, mar mear fanwegen it spontane karakter en de selsbetochte opstelling: student instudinten yn in dakgoate, op in keukentrep of mei gekke bekken fan tichteby naam.
 
Faak waard de âlde Kiek by neare nacht, nei in [[dispút]], troch dronken studinten fan't bêd ôf helle. Faaks wie dat ek de reden dat de kiekjes faak faach wienen, hastich makke mei in sliepperige holle. Kiek hold net fan dy studinteplaatjes; hy makke se mei de rêch nei de keet skoppende lju takeard.<ref>Ingrid Leijerzapf: 'Toe heeren, nou even stil gestaan...' De Leidse studentenfotograaf J.D. Kiek. Leiden, Burgersdijk & Niermans, 1997</ref>. Nettsjinsteande dat, of faaks mei dêrom, spilet Kiek faak in rol yn letter publisearre koartswillige oantinkens fan âld-studinten.
 
==Neitins==