Siuwsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Zeeuws; tekstwiziging
st
Rigel 16:
De dialekten fan it Land van Hulst, it eastlikste diel fan Sieusk Flaanderen, en in tal Sieusk-Flaamske grinsdoarpkes binne gjin Sieuske, mar east-Flaamske (dus Frankyske) dialekten.
Binnen de ferskate regiolekten hawwe de measte plakken in eigen dialekt. Mar hieltyd mear fan dy pleatslike dialekten ferflakje. Meastal binne allinnich de dialekten fan 'sletten' mienskippen noch dúdlik fan de dialekten fan omlizzende plakken te ûnderskieden (Ouddorp, Bruinisse, Yerseke, Arnemuiden, Westkapelle, Eede). Oan sprekkers is noch wol hieltyd dúdlik te hearren út hokker krite hja komme en binnen gruttere streken as Flakkee, Súd-Bevelân en Schouwen bestean regionale ferskillen. Dy ferskillen binne hast altyd east-west oriïntearre.
In apart plak binnen it Sieuske wurdt ynnommen troch it boarger-Sieusk fan Middelburch en VlissingenFlissingen (tsjintwurdich ek East- en West-Souburg), dat tige bot ferskilt fan it Walcherske plattelânsdialekt deromhinne. De dialekten fan oare stêden en stedsjes as Zierikzee, Goes, Veere, Tholen, Oostburg, Axel en Terneuzen wike folle minder ôf fan de plattelânsdialekten deromhinne.
De neamde regiolekten litte nei it suden ta hieltyd mear Flaamske skaaimerken sjen. Is op Schouwen in simmer yn Seelân noch gewoan in 'zomer in Zeêland', fan Walcheren en Súd-Bevelân ôf wurdt dat in 'zeumer'. En op it kwa wurdskat wat noardlikere Súd-Bevelân yt men 'aerebemezen' of 'aerebezems', op Walcheren binne dat 'frinzen' of 'frenzen' (fan it Frânske 'fraises').
It dialekt fan midden en westlik Sieusk-Flaanderen lyket tige op it West-Flaamsk fan 'sjuust over de grenze'. Ienige opmerklike ferskil is it ûntbrekken fan de oe-útspraak fan de Nederlânskse ou yn Sieusk-Flaanderen. En de wurdskat van Sieusk-Flaanderen is folle mear as dy fan it West-Flaamsk oantaasten troch it Nederlânsk.