Lieuwe fan Aitzema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: sv:Liewen van Aitzema
Rigel 3:
 
==Biografy==
Lieuwe van Aitzema wie de soan fan (mar ek de broer fan) in boargemaster fan Dokkum. Syn heit waard berne yn [[Reiderlân (lânstreekregio)|Reiderlân]]. Syn pake ûntflechte yn 1568 de omjouwingomjouwi, fanwege de [[slach by Jemmingen]]. Hy studearre rjochten oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]], Parys en [[Orléans]] en stie bekend as in "flirter". Yn 1622 waard hy abbekaat by it [[Hof fan Fryslân]], yn 1624 by it [[Hof fan Hollân]]. Yn 1625 waard hy beneamd as residint fan de [[Hânze]]stêden [[Hamburch]] en [[Bremen (dielsteat)|Bremen]] yn Den Haach, tanksij syn omke [[Foppe van Aitzema]]. Yn 1627 waard hy troch de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]] as agint fan de stêd [[Magdeburg (stêd)|Magdeburg]] erkend en yn 1644 as residint fan [[Frije en Hânzestêd Lübeck|Lubeck]].
 
Van Aitzema makke yn 1635 en yn 1652 in reis nei Ingelân op lêst fan de Hânzestêden en behartige de belangen fan de Republyk. Hy kaam in kontakt mei ferskate pommeranten, lykas [[Oliver Cromwell]] en besocht oft de op hannen wêzende hannelsoarloch noch ôfkeard wurde koe. Van Aitzema hammerde derop dat Hollân like graach in oerienkomst mei Ingelân winske as dat in fisk nei wetter snakke. Op de weromreis waard de pakketboat, eigendom fan de greve fan [[Thurn und Taxis|Taxis]] kaapt en Van Aitzema ferlear syn koffer mei weardefolle besittings. Hy protestearde om 'e nocht by de Steaten fan Seelân, dy't de kaperbrief jûn hienen.
 
Van Aitzema sette yn Den Haach in soarte politike berjochtetsjinst op mei abonnees yn Dútslân, Sweden, Denemark, Feneetsje, Ingelân en Frankryk. De [[19e ieu]]ske histoarikus [[Robert Fruin]] makke him út foar spion, want hy joech yn de [[Earste Ingelsk-Nederlânske Oarloch|Earste]] en de [[Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch|Twadde Ingelske Oarloch]] oan de Ingelske masterspion [[John Thurloe]] heechst geheime ynljochtings oer de situaasje yn en de plannen fan de Republyk.
 
== Wurk ==