Ferskil tusken ferzjes fan "Henry Kissinger"

L
gjin bewurkingsgearfetting
(il)
L
'''Henry Alfred Kissinger''' ([[Fürth]] ([[Dútslân]]), [[27 maaie]] [[1923]]) is in Amerikaansk diplomaat en politikus fan [[Joaden|Joadske]] komôf. Hy jildt tsjintwurdich as in wichtich arsjitekt fan de Amerikaanske polityk fan ûntspanning mei de [[Sowjetuny]] en [[Sina]].
 
Hy waard berne as ''Heinz Alfred Kissinger''. Yn 1938, op de flecht troch [[Adolf Hitler]]s ferfolging fan de [[Joaden]], ferfarde syn famylje út Dútslân wei nei New York. Op 19 juny 1943 waard Kissinger Amerikaansk steatsboarger. As soldaat yn it Amerikaanske leger kaam Kissinger oan de ein fan de kriich werom nei Dútslân. Hy waard dêr militêr bestjoerder.
 
Letter gong er wurken as heechlearaar ynternasjonale betrekkingen oan de universiteit fan Harvard, dêr't hy ek inkele boeken publisearre oer ôfskrikken mei nukleêre wapens. Neffens him wie tusken lytsskalich geweld en de ynset fan atoomwapens foar de Feriene Steaten gjin oannimlik militêr optreden mooglik. Dat brocht him yn de polityk, ynearsten as Demokraat, letter as Republikein.
11.743

bewurkings