Yme Schuitmaker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw Hauptmann in foarnamme jûn.
Rigel 5:
 
Schuitmaker hat mear as 40 toanielstikken en revu's skreaun. [[Rudolf Wilhelm Canne]] en Schuitmakker befrijden it Fryske toaniel fan de lytsboargerlikheid.
Yn tige spylber wurk bringt er maatskiplike problemen foar it fuotljocht. In stik fan 'Schuit' ( de 'Fryske Heijermans' dy't ek by [[Gerhart Hauptmann]] en [[Henrik Ibsen|Ibsen]] yn de lear gie ) wie jierrenlang regel op in Fryske toanieljûn. Hy boude syn wurk benammen op kontrast en konflikt. Drankmisbrûk, sosjale ellinde en houliksleed binne weromkommende tema’s yn syn wurk. Hy trede ek sels geregeldwei op. Yn 1925 makke er in toerneetroch Amearika, net allinne as toanielman, mar benammen ek as foardrager en as sprekker. Fia [[Roel Oostra]], âld-direkteur fan De Lawei, krige [[Tresoar]] in kofferke fol mei persoanlik materiaal fan Schuitmaker. Hjiryn sitte boeken dy’t fan him west hawwe, foto’s fan him, mar ek lp’s mei syn foardrachten, skriuwark, bonkaarten en sels syn rydbewiis.
 
== Wurk (karút) ==