Barthold Douma fan Burmania: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
-kat
L [[]]
Rigel 3:
Van Burmania waard berne as in soan fan Jeepke fan Douma en [[Sjuck fan Burmania]]<ref>http://tresoar.nl/freegjesam/as_web.exe?dregio09+D+20065867</ref>; wie militêr en wie letter fan 1710 oant 1721 riedsman oan it [[Hof fan Fryslân]]. Nei in karriêre as militêr waard Barthold ambassadeur yn [[Keulen]] yn 1739 en letter oan it Hof yn Wenen.
 
Van Burmania hie each foar humanitêre saken en wie foaral in trou freon fan de [[Joaden|joaden]]. Doe't [[Maria Theresa fan Eastenryk|Maria Theresa]] yn de jierren 1740 de ferbanning fan de Joaden út [[Praach]] (moast foar de ein fan jannewaris 1745 dien wêze) en hiel [[Bohemen]] (foar de ein fan juny 1745) hjitte, brûkte Burmania op fersyk fan de joadske mienskip fan [[Amsterdam]], [[Rotterdam]] en [[De Haach]], al syn ynfloed oan it hof om it edikt yn te lûken. Hy waard stipe troch de Ingelske minister, [[Thomas Robinson, 1e Baron Grantham|Sir Thomas Robinson]]. It resultaat fan syn krewearjen wie dat it útsteld waard oant de lêste dei fan febrewaris 1745.
 
Op'en nij dienen doe de joadske mienskippen út Nederlân in berop op Burmania, dy't wer pleite by de Eastenrykse ''Reichskanzler'' (Kanselier), ûnder oaren mei it argumint dat "machthawwers, mear as oaren, ferantwurdlik foar God en minsken oer binne foar harren dieden." Dit smiet in ekstra moanne útstel op, mar op 31 maart 1745 waarden de Praachske joaden útset. Doe rjochte Burmania syn enerzjy op it foarkommen fan de ferballing út Bohemen; hy waard dêrby stipe troch de ambassadeurs fan Ingelân, Polen en Turkije.